Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 191] [p. 191] aant. Minnedeuntsje Natoer joech oksen hoarnen, En hoeven oan de hynzers, Oan hazzen flugge skonken, Oan liuwen skerpe tosken, It swimmen oan de fisken, It fleanen oan de fûgels, 't Ferstân joech se oan de manlju, Mar hie noch neat foar froulju. Wat joech hja har dus?.... Moaiens, Yn pleats fan alle skulden, Yn pleats fan alle swurden. It wiif, dat moai is, wint it Fan izer, stiel en fjoer sels. Vorige Volgende