Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De jongfeint Stil bekipe de maaie 't omblomme Lichtwaaiende hier yn de sulverstream. Roazich wie syn krâns, as de moarntiid; Hy seach mei in glimk nei him selm. Reagjend kaam der in stoarm by de berch del, Tesplintre waard eskenbeam, spar en iik; En mei rotsen keilde 'r de pynbeam Fan skodzjende berchhichten ôf. Maaie slomme doe yn oan sleatsigge, Liet raze de stoarm mei syn tongerlûd, Harke, en.... sliepte, oerstruid fan it bluoisel, Waard wekker mei Hesperus' ljocht. No jit fielst net de kloer fan d' ellinde; Mei ingel-each laket dy 't libben oan. Op! tsjen 't pânser oan fan de wysheid, Jongfeint, want de blommen bloeie út. Vorige Volgende