Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Radbods dea Radbod, út syn lân ferballe, Stoe oan 't Noarderstrân allinne; Lyk in berch, mei snie oerdutsen, Glinstrjend yn de winterkjeld. 't Heltelibben wie op 't antlit, 't Leed op tinne lippen teekne; En de rêch hie langst nei d' ierde, Deltreaun fan fertriet en jeld. En sa stoe er op in klippe, Dy oer 't wetter hinne hinge, Skoarjend op it brede kriichsswurd, Dêr it ljocht as bloed op blonk. Jûnwyn boarte mei syn hierren, Weachjes mei syn byld yn 't wetter; En sa stoarre 'r nei de sinne, Dy, omfluesd mei wolken, sonk. Mar doe spriek er: ‘See, do rôlest Rûnom hinne, wêr datst wolste; Lit dyn wylde weagen stowe [pagina 189] [p. 189] Nei 't besmodze Fryslân ta; Tongrje 't bastre skaai yn d' earen, Dat dyn lûd har 't hert teplettret: ‘Radbod stjert; hy flokt syn foltsen; 't Heech Walhalla sil him ha!’ Doe wie 't tsjuster; út de djipte Stiek de see de krolle holle, Gyng yn al syn krêft en grutme Lyk in reus foar Radbod stean; Spriek yn stoarmen: ‘Watste sein hast, Wurdt folbrocht; tsjoch op fan d' ierde: Eala, frije Fries! 't Walhalla Kinst as kening binnengean!’ Radbod naam it stiel, it trouwe, Dat út âlde tiden stamme: ‘Swurd, fergees hest spoeke yn Fryslân, Gleon en wyld tsjin slavernij, Biste flein troch tûzen helten, As in wjerljocht, keild yn 't beamte; Wij my no ta Wodans wente: Bêste stalke, ik seinje dy!’ En hy foel - - Doe droane d' ierde; Sa falt d' iik yn Wodans wâlden, As, fan ûnder tsjustre wynbrau, 't Swurk syn gleone pilen sjit. 't Bloed sprong fleurich út syn tsjerker; 't Krolle om 't stiel, as reade roazen, Dy't de faam, nei 't hjitte fjochtsjen, Oer de winder saaie lit - - Wodan, fan de hege Hlidskialf, Seach him fallen: ‘Op, Walkyren! Bring de Friezne kening harren, D' earste en.... lêste fan syn folk.’ En hja saaiden del op 'e ierde, Namen sêft him yn har earmen, Dreauwen mei de helt omhegens, Goudglâns om in tongerwolk. [pagina 190] [p. 190] aant. Wylst hja strûsden troch de loften, Songen hja fan eare en frijdom; Fan de striid - it nocht fan helten - Foar jins lân en taal en wet; Fan dat godlik selsferjitten, Dat him oerjout oan syn leafde, Dat, Thors hammer faak yn hannen, Baldurs lôge draacht yn 't hert. ‘Dêrom,’ rûsde 't, ‘silsto libje, Kening Radbod, yn 't Walhalla; Lûd, allyk de tonger boldert, Rint dyn namme oer neiteams strân. Dêr sil 't leffe folts foar skrilje; Mar hy ropt yn helteherten Gleone langstme op, om te libjen, Ja, te stjerren foar har lân!’ Vorige Volgende