Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Oan de hurdsylders Fine oaren har wille op de hurdridersbaan, Neat kin ús sa'n nocht as it hurdsilen jaan; Dan brûst it Frysk bloed en it hert tilt ús op, By 't fleanen en stowen oer 't blinkende sop. No bringe w' ús tank yn in fleurige sang, O, sylders, oan jimme, hab tank! libje lang! Hab tank! libje lang! Libje lang, ja lang, libje lang, ja lang, Libje lang, ja libje, libje lang. Alear wie it wetter ús Fryslân ta skrik, Mar wie it ús fijân, ús freon waard it ek. Wat tsjinne it ús hjoed, doe it droech op syn rêch, In wrâld hast fan skippen, in wûnder foar 't each. [pagina 188] [p. 188] Jim ljuwe fan 't wetter, foar jim klinkt ús sang, Hab tank, flinke sylders, hab tank, libje lang! Hab tank! libje lang! Libje lang, ja lang, libje lang, ja lang, Libje lang, ja libje, libje lang. Ferneamd wiene ús foarfaars, har namme stie heech, Elk spriek fan dy mannen, sa krigel en dreech. Jim binn' har allyk en sa hâld' jimme yn stân De ear fan ús folk en de rom fan ús lân. O, krigele mannen, nim oan dan ús sang. Hab tank, flinke sylders, hab tank, libje lang! Hab tank! libje lang! Libje lang, ja lang, libje lang, ja lang, Libje lang, ja libje, libje lang. Vorige Volgende