Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Edda-runen Lokkich, dy't de geunst fan oaren En de tank yn 't libben fyn'; Omt wat oaren fan ús sizze Is sa wif as waar en wyn. Lokkich hy dus, dy't yn 't libben Foar him selme wit hoe 't moat, Folks- en keningsgeunst ferachtet Foar de geunst fan 't eigen hart. Op de weagen skuorre twjirren 't Boat hast alle kanten út; Dy't him sels net stjoert troch 't libben, Net in hânbreed komt foarút. Vorige Volgende