Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 186]
| |
Oarmans pakjes op te nimmen -
't Is in dreech stik wurk - sjedêr!
Trou en earlik, from en fleurich,
Ha jo 't al dy jierren dien;
En troch wyn en wiete buoien
Binn' jo krigel hinne gien.
Efkes rêste! efkes tinke
Oer dy lange, lange set, -
Sjoch, dêr stiet in leaflyts blomke;
Ploaitsje 't, 't hjit ferjit my net.
't Sprekt fan alle leed en wille
Dy't jo fûn hawwe oan de wei,
Fan safolle rein en ûnwaar,
Fan sa mannich blide dei!
't Sprekt fan al dy blauwe steden
Oan 't faak swart belutsen swurk,
Dy't jo telden fan de himel,
En jo stipen yn jo wurk.
Fan it liet fan krêft en leafde,
Dat as jin de moed bejout,
Jin yn d' earen rûst: ‘Hy falt net,
Dy't mar hopet, leaut, betrout.’
Mar as kamen j' alle jûnen
Ek lâns 't selde paad werom,
Op de grutte wei troch 't libben
Is gjin omkear, seit dy blom.
Jo, sa tige wend oan 't swalkjen,
Hawwe ek foar dy reis gjin noed,
Dy't men docht as d' ierdske karre
Stean bliuwt mei al 't wrâldske goed.
| |
[pagina 187]
| |
Foar de reis nei d' iivge poarte
Fan dy stêd yn 't swart fersjit,
Dêr it gleon memento mori
Foar eltsien te lêzen stiet.
|
|