Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Edda-runen De leffert, foar syn libben bang, Untrint, hoe dom, de striid. Hy wit net, wat it swurd oars die, Docht langsom no de tiid. Wiis wêze is goed, mar al te wiis Moat nea in minske n't wurde; Dy, wat er wit, mar wit foar fêst, Dy kin 't rûnom wol hurde. Vorige Volgende