Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 181]
| |
Sjong helder op, want eltse rigel
Dêr krij 'k, as 't wol, tsien stoeren foar.
Lit no dyn moaiste sangen hearre!
Set mar fan d' ein mei 't âlde liet,
Dat alle minsken ienkear stjerre,
Mar dat de leafde nea fergiet;
Of meitsje in skriemrich minnesankje
Fan ‘ljochtblau each’ en ‘mûtel wankje’,
Leafst op in faam, dy't net bestiet.
Ek kinst in droevich rymstik meitsje
Neamd: ‘Heiteklacht oer 't deade bern,’
Dat sil de ljuwe yn 't herte reitsje;
Do silst it triennen reinen sjen.
Ik koe gjin heitesmerte fiele,
Want ik woe noait mei trouwen piele:
Mar Bilderdyk hat alf ferlern.
‘It Tsjerkhôf’ kinst ek moai fan sjonge;
Fansels, dêr lizze deaden op,
En earme, èn rike, èn âlde, èn jonge;
Sa kâld en... stiif? - nee, 't rym seit: slop.
Dan kinst wat út de bibel stelle,
Want eltse rigel wurdt betelle,
En al myn búsjild is wer op.
Wat seist fan rigels lyk as dizze:
‘Wês wolkom, rêstich deadehôf!
Hoe graach woe 'k yn dyn skurte lizze,
Fergearre by dat oare stof!’
Dat binne leagens, mar dy trije,
Kin ik in daalder jild foar krije -
En fyftich rigels!.... 't falt sa ôf!
Of wolst de ljuwe laitsje litte?
Och, sjongfaam, dat 's foar dy nin byt;
Dan gean 'k wat yn de herberch sitten,
Dêr heart m' ornaris wol in fyt.
Sil 't fers echt moai, sjong dan benammen
| |
[pagina 182]
| |
Fan doomnys, sûpers, sleauwe fammen,
Of fan in feint, dy't safolle yt.
Mar nee, do kinst wol sliepen bliuwe;
It fers is ree; ik ha myn sin.
O hark, hoe flot dy rimen driuwe!
Wat sil 'k my keapje, as 'k it win?
'k Sil my in nije jas bestelle!
Mar - wol 'k de rigels earst ek telle? -
Wel stom noch ta, krekt ien te min!
|
|