| |
De Terhernster melkers
Oan de Hoarne leit Terherne,
Kreas, allyk in wetterblom,
Dy, fertiisd yn pompeblêden,
Omdriuwt yn 't wyt krollich skom.
Leaflik rûst it om Terherne
As de weachjes sjongend brekke
Tsjin de bûntbeblomme grûn.
As yn 't speeglich wiet de sinne
Mei in glimk harsels besjocht,
Wylst hja, foar't hja sêft har delflijt,
Pronksk har staasjeklean oantsjocht.
Helder blinkt it doarp Terherne,
As de sinne omhegens kliuwt,
En it fiskje út makke weachjes
't Wiete silverkopke triuwt.
Mar, as wyld de stoarm regearret,
Mei de swipe yn 't wetter slacht,
En de sinne stil beskûl bliuwt,
Eangjend foar dy neare nacht,
| |
| |
O, dan stekt datselde doarpke
Stoer syn kop op yn de loft,
Yn Terhernster skippersherten
Brûzet d' echte farrensnoft.
Moarns, as oer de griene greide
't Tankber ljurkje in lofliet sjongt,
En oan 't gers de heldre dauwe
As juwiel en pearels pronk't,
Sjocht men mannich flugge meltser
Yn it lytse boat op 't wiet,
En oer 't wide wetter hinne
Mannich fleurich ploechje giet.
O, hoe nochlik om t' oanskôgjen,
't Flink en krigel meltsersfolk;
Mannich faam, sa kant fan lidden,
Mannich keardel as in wolk.
Sjoch se fleanen oer it wetter,
As in markol fluch en rêd,
Yn de seilen bliest de moarnwyn,
Heistert om yn 't wetterbêd.
Melkfaams blanke, folle earmen
Blinke as brûs yn 't sinneljocht,
En har each en reade wangen
Glinsterje fan farrensnocht.
Laits rûst oer it wetter hinne,
't Krollich weachje sjongt en brûst,
Wylst it boat, as byld fan woltier,
Oer it glânzich wetter strûst.
Mar as hjerstmis oer de puollen
Stoer de wylde ruter giet,
En de stoarm de mar oanfitert,
Op waans brede rêch er sit,
| |
| |
As de mar syn krolle holle
Driigjend út de djipte opstekt,
Grymjend oangrypt wat him foarkomt,
En mei weagen weagen brekt,
As de loft mei wolken omsmyt,
En dêr fonken fjoer út slacht;
As de tonger gromjend rûngiet
Troch de tsjustrens fan de nacht,
Hark dan skril de seemiuw skreauwen,
Sjoch dan wyld de weagen gean,
Mar dat krigel melkersfoltsen
Bliuwt net lef oan d' igge stean.
Nee, hja springe yn 't boat, en wrotte
Riizjend, dûkend, dan omheech treaun,
Dan bedobbe yn 't brûs de kop.
Sjoch dat wetterhynzer stowen
Yn in fjouw'ren oer de mar;
Alle weagen wolle 'm keare,
Mar hja bliuwe baas oer har.
Lit se brûze, lit se skomje,
Lit se wâlje, hol en rou:
Jimme, stege wetterljuwe,
Bliuwe oan Fryske dregens trou.
Jimme, ienfâldich, krigel foltsen,
Jimme priizgje 'k yn myn liet:
Lit it klinke yn 't âld Terherne,
Lit it rûze oer 't skolprich wiet!
|
|