Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Apelaria Earm apefolk, wat binn' jim dom! Frij, sûn en neaken wiene ús âlden: Ha jim gjin flantrich pakje om, Dan is de hele boel ferkâlden. Jim rinne as peallen steil en stiif, En kinne n't kliuwe, springe en rinne; De lju, dy't dêr te wiis ta binne, Binn' net yn tel, moatt' sûnder wiif. Ik moat der sikerwier om laitsje, Sjoch ik sa'n aap yn 't moaie baitsje; Broek, jas en skuon binn' tige moai; Mar sjoch dy swarte domme holle! Al is in aap mei side omwuolle, Dôch het syn lilkens skik noch roai! Vorige Volgende