De lanferhuzer
Ik moat myn heitelân ferlitte,
It plak, dêr 'k altiid wenne ha;
Ik moat nei fiere strannen ta,
Nei oarden, dêr't wy neat fan witte.
Mei wiif en bern rop ik mei triennen 't lêst farwol:
Farwol myn heitelân, lân fan myn freonen goed en gol!
Hjir ha 'k as berntsje djoeid en sprongen
Oan memme hân, yn foarjiersloft;
| |
Hjir bloeiden dreamen, fol fan noft;
Hjir ha 'k yn ûnskuld geid en songen.
Us hûs wie smout en waarm, fan trouwe leafde fol:
Farwol myn heitelân, lân fan myn bernetiid, farwol!
Myn feintejierren dreauwen hinne
Mei laits en sang, fluch as de wyn;
De leafde naam myn tinken yn,
En dêr ferriisde in nije sinne.
Hjir fûn ik har, dy't alles mei my drage wol;
Farwol, myn heitelân, lân fan myn leafde, farrewol!
Hjir haw ik bodde en skript mei wille;
Moarnsier oan 't wurk, jûns let earst dien.
'k Bin earlik troch it libben gien,
En woe it swierste pak wol tille.
Ik wûn in flink stik brea en 't libben lêste ús wol:
Farwol, myn heitelân, lân fan myn houlikslok, farwol!
Hoe blonk ús 't each fan blide triennen,
Doe 't earste bern ús berne waard!
En doe, dy glimk, 't healmûlich praat,
Dat bern, sa nuver yn 't begjinnen!
Mar doe't dat bern ferstoar, o, wat wie 't moed ús fol!
Farwol, myn heitelân, lân fan myn wille en leed, farwol!
By d' âlden leit er yn de kûle,
Dat leave bern, ús lok en ljocht;
Wy hawwe 'm stil te hôve brocht
Op 't tsjerkhôf yn it grien beskûle.
Nea sjen wy 't wer, nea bromt de toerklok wer sa gol;
Farwol myn heitelân, myn ynleaf bern, farwol, farwol!
Doe't fjouwer bern bewarre bleauwen
En 't brea al tinner foar ús waard,
Kaam earmoed, as in tsjuster skaad,
Al neier oan ús himel driuwen.
It wurk rekke op, no wie de lijensmjitte fol:
Farwol myn heitelân, lân fan myn wanhoop no, farwol!
| |
My sil in oare sinne daagje,
In nije striid brekt foar my oan;
Jit tsjuster is de dei fan moarn,
Mar dy wat wol, moat ek wat weagje.
Hjir bloeit myn lok net mear; de takomst winkt sa gol,
Farwol myn heitelân, lân dat ik leavje, no farwol.
Wêr dat ik swalkje yn frjemde lannen.
Dyn bylden bliuw' my jimmer by;
En al myn tinzen hingje oer dy,
Al fyn 'k myn lok oan oare strannen.
De wyn komt op, hy bliest de seilen fol;
Kom wiif en bern, skriem net! O, golle freonen, farrewol!
|
|