Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 178]
| |
En 't is sa smout en 't wurdt sa lij -
Ik fiel it, o, ik fiel it al:
It bliere foarjier komt.
It moskje makket op it hûs
It nêst al ree, sa waarm en kûs
En mei in flinke romt;
De protter kin de wille n't op
En jit syn nocht út yn de rop:
Ik fiel it, o, ik fiel it al:
It bliere foarjier komt.
De sinne nimt it libben mei.
O sjoch, oan 't beamt wurdt yn in dei
De keale dead ûntnomd.
De prûze knopkes kypje sa,
En draaie nei it ljocht har ta -
Ik fiel it, o, ik fiel it al:
It bliere foarjier komt.
Weits op dan, op út nacht en need!
Foar nije hope wykt it leed,
De keale dea foar 't blomt,
Yn hege loften sjongt de ljurk,
De sinne rydt troch 't wide swurk -
Ik fiel it, o, ik fiel it al:
It bliere foarjier komt.
|
|