Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 176]
| |
Hark, oargels spylje, klokken liede:
‘Lok, frede en sein!’ dat rûst oer d' ierde.
Yn tûzen talen wurdt it sprutsen,
Dat ynhâldfolle, blide wurd,
De wolken binne 't each ûntlutsen,
En 't nachtlik tsjuster is teskuord,
En earm en riken, âld en jongen
Glydt fromme blydskip oer de tongen.
Ek d' earme bodder, is syn libben
Ek meast fan leed en lijen fol,
Heart fan syn freonen en syn sibben
Dy segenwinsk sa blier en gol;
Syn berntsjes wjukkelje om him hinne,
En 't each fan 't wiif blinkt as in sinne.
Wie d' âldjiersjûn dan near en tsjuster,
Gyng 't swarte leed syn each foarby -
No wurdt er al dy bylden bjuster,
En freonlik, trienjend laket hy.
De hope jout him moed yn 't herte,
De leafde kin in berch fersette.
En hy, dy bûgd het foar de Divel,
Al leger sonk, fertiisd yn 't kwea,
It hert tesnien fan 't swurd fan twivel,
De siele dôf, en wurch de lea -
Ek hy heart as in stim fan boppen
Dy blide seinwinsk ta him roppen.
‘Lok, frede en sein!’ - Binn' dy te krijen
Foar him, dy't al te boas misdie?
Is dat in skimpskot op syn lijen,
Of is 't in goede freone-rie?
Soe hy jit better wurde kinne?...
Och, 't is sa tsjuster om him hinne.
Mar alle minsken binne fleurich,
En hoopje op lok, yn 't nije jier.
| |
[pagina 177]
| |
Kom, wês do ek net stymsk en seurich!
Smyt ôf dyn lêst, wurd goed en wier.
Gryp oan it swurd: it kwea moat stjerre,
Dy 't goede wol sil nea ferdjerre!
En hy, dy d' âldjiersjûn tefoaren
Ferwêzen, stil dêr hinne siet,
Omdat syn bêste winsken stoaren
As klanken yn in deadeliet -
Him dript de winsk, dy klinkt yn 't rûne,
Wer sêfte salve yn d' âlde wûne.
Moast mannich leaflik byld ferstowe,
Stoar mannich dream der jonkheid wei,
Briek mannich freon syn eed fan trouwe -
Hy kin 't ferjitte op dizze dei;
Het him de tiid ek folle ûntnommen,
Him tsjoent de hope gouden blommen.
Sa rûst in leaflik liet oer d' ierde,
In sang fan frede, myld en sêft;
It hert, dat lije moast en bliede,
Grypt nije moed, krijt nije krêft.
It âlde jier is ús ûntsonken;
Us het in nije takomst wonken.
‘Lok, frede en sein!’ O, lit it blike,
Dat dizze winsk ús ynmoed is;
Lit haat en wrake fan ús wike,
Lit komme it ljocht yn tsjusternis.
Dan sil, mei dizze nije sinne,
In nije, gouden tiid begjinne.
|
|