Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 175] [p. 175] Farwol! Farwol, 'k lit dy driuwe, Liet, dat myn hert ûntfleach! Farwol, 'k lit dy driuwe, Fier, fier út myn each. Yn oeren fan wille, As 'k ûnder freonen siet, Yn dagen fan lijen - Myn nocht wiest, o liet! Bleau stom faak myn mûle, Djip yn myn hert sjongsto. Bleau kâld faak myn wêzen, Gleon, brûzend wiesto. No lit ik dy driuwe, Do draachst myn wille en smert; Flean frij oer ús fjilden, Do, bern fan myn hert. Sjochst brimstige jildlju, Het men de gek mei dy, Sjochst droege gelearden, Flean hastich foarby! Sjong fammen fan minne, Feinten fan Fryske trou; Wêr herten jit binne, Dêr hinne flean do! Vorige Volgende