Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende In fugel In fûgel het blier foar my songen, Doe't ik klage: myn leafde is ferstoarn. Syn liet is myn tinken trochkrongen, Myn hert is de wynsels ûntsprongen As in blom yn de ûntweitsende moarn. Hy song fan in ivige sinne, Fan de hope, dy skynt oer ús paad; Hy song fan in herte fol minne, Dat kloppet, net fier hjir fandinne, Yn in doarpke, beskûle yn it skaad. Doe liet er allinne my sitte; Ik harke, ferbûke en ferheard. Syn wûndersang kin 'k net ferjitte, Mar minlike graach woe ik witte: Wêrearne is dy fûgel doch keard? Vorige Volgende