Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 174] [p. 174] aant. De hjerst het de simmer te hof brocht De hjerst het de simmer te hôf brocht En de winterwyn bile oer it grêf; No binne alle blommen fertrape En de dreamen ferstoden as tsjêf. Myn leafde bloeide yn de simmer, Mar waard mei de hjerstblommen wei. De winterwyn skoddet de tûken - Ik tink oer myn simmerlok nei. De hjerst dolde in grêf foar de simmer En de winterwyn gierde sa bang; Mar ik ha myn leafde te hôf brocht, Te hôf brocht mei klang en mei sang. Vorige Volgende