Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De nacht wie stil De nacht wie stil; stil wiene wy, Mar sommes klapte der eat; Dêr wiene frjemde geluten by, Dy men oars komselden heart. Dat iene tútsje klonk wol sa frjemd Yn de stilte fan de jûn; Doe habbe ús herten foar d' earste kear Elkoar op de lippen fûn. Doe habbe ús herten elkoarren fûn, En dêr kaam dy tongerslach fan. - It klonk sa frjemd yn de stille jûn... Wy skrillen der selme fan. Vorige Volgende