Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Kwa - kwa Yn 't earst fan de moarntiid, sa dimmen en from, Doe hipte út syn nestke, heal dreamrich, in ljurk. Rju blomkroanen stjoerden har swietrook nei 't swurk, As alters fol wiereek, sa stil en sa stom. De ljurk waard oermastre fan leafde en fan tank, Hy sloech mei de wjuk en kleau op yn de loft; Hy song der syn lofsang, en driuwkle fol noft En geat dêr syn hert út yn godlike klank. Dat hearde ek in froask, dy dêr lei yn de mar, Hy reage yn it flaach om en boarst' hast fan niid; Hy seach nei syn berntsjes, dy sliepten jit swiet, Hy rôp se tewekker en sei doe tsjin har: [pagina 173] [p. 173] ‘Sjoch no ris dy ljurk, wat ferbylding het hy? Me soene doch sizze, sa'n kyk-yn-de-wrâld! Ik hâld my jit stil, en doch bin 'k al sa âld! Hy wjukkelt hast tsjett'rjend de wolken foarby. It is wat te sizzen! Doe 'k jong wie as hy, Wie 'k altiid beskieden, wie 'k stil en bedêst. Hy sjongt en hy fljocht fiersten t' ier út syn nêst; Hy hearde earst te wachtsjen op lju lyk as wy.’ No sloech ek it jongfolk mei kwêkjende stim Oan 't balten: ‘Kwa, kwa, 't is in griis mei dy ljurk! 't Is grutskens, te fleanen sa heech nei it swurk. Wy bliuwe hjir ûnder, dat paste ek foar him.’ - De ljurk fleach al heger en sloech har gjin acht, Hy song as profeet fan d' ûntweitsende moarn; De meltsfaam kaam bûten; syn liet loek har oan, Hja seach nei de himel, mei eagen fol ljacht. Vorige Volgende