Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 172] [p. 172] aant. Net mear sjonge? Oan in wolmienende freon Jo seien faak, ik moast it sjongen litte; 'k Hie wol wat oars - wat nuttigers - te dwaan. Me koe gjin goud út sokke fersen slaan; Jild, jild wie 't doel, dat moast ik net ferjitte. Ik koe gjin andert op dy wurden jaan. Jo binne al âld, Jo sill' 't wol better witte. En 'k ha 't besocht - mar wier, ik kin 't net litte! 't Brûst yn my om; dêr is neat oan te dwaan. Ferbied it fiskje, yn 't kleare wiet te djoeien; Ferbied de see, te brûzen jimmeroan; Ferbied de blom, yn 't simmerwaar te bloeien; Ferbied de sang oan Bragi' frije soan - 't Is om 'e nocht; syn hert begjint te gloeien; Hy nimt de harp en sjongt op folle toan! Vorige Volgende