Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 171]
| |
Foar de wyn
Sill' wy blij der hinne driuwe
Mei dy fleurge Fryske ljuwe.
Famke, kom, yn dizze bak
Sitte wy op ús gemak.
't Oargel spilet moaie wizen;
Eltse merkegast sjongt mei.
Alde wyfkes, stoere Friezen
Draaie no de soargen wei.
Wat in tier,
Los en blier,
Wat in laitsjen, gobjen, sjongen!
Wat in nocht foar âld en jongen!
'k Sjoch it, d' eagen fjurkje dy.
O, hoe noflik sitte wy!
Skippersfeint mei skippersfanke
Lizze no ris lodd'rich oan;
Simens Jan mei buormans Anke
Kinne jûn ek wakk're skoan.
Alles swaait,
Alles draait,
Al it jongfolk is oan 't swieren;
't Bloed fljocht as in blits troch d' ieren.
Fanke, mei myn earm om dy
Bin ik och sa blier en blij.
Fuort mar, fuort mar! gleskes blinke,
Ljochten, stjerren glânzje yn 't rûn.
Al de wrâld mei my ûntsinke
Op sa'n moaie merkejûn.
Fuort mar, fuort!
Hurder, hurd!
Fanke, mei dy oan de side
Woe 'k sa wol de wrâld út glide;
'k Woe wol draaie, hei sa sa,
Oan in oare merke ta.
|
|