Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 166] [p. 166] aant. Foarjier Sjochste, hoe't de fiskjes sjitte Troch it wetter fan de mar? Sjochste, hoe't de dokes sitte, Hja neist him, en hy neist har? Hearste, hoe't de fûgels floitsje, Lokjend, leavjend, yn it wâld? Hearst, hoe't leafdesangen rûze Troch de blide, jonge wrâld? Sjochste 't, hearste 't? - Faam, fernim dan, Wat ik net mear swije kin: Dat foar my gjin blommen bloeie, As ik dy net krije kin. Vorige Volgende