Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermdGerbrichAllyk in Noarman stoer en grym
Sjocht, yn de skimerjûn,
De sterke stins fan Gratinga
It griene fjild yn 't rûn.
De poarte kreaket; gudzen spring'
It brede foarplein út;
Hja drage trije edellju
Ta 't âlde stamhûs út.
't Is 't eale team fan Gratinga,
It âlde frije bloed,
Mei Fryske stivens, Fryske krêft
En Fryske heltemoed.
Op 't hiem stiet Sicko Gratinga,
En sjocht syn neven nei,
En jout har mei syn iizren lûd
De gleone wurden mei:
| |
[pagina 137]
| |
‘Ja, wei mei Douwe op 't Hûs te Harns!
De bloedhaat bliuwt ús by.’
Hja kear' har op de gudzen om,
En ropp': ‘Dat swarre wy!’
Yn 't grutte seal fan d' âlde stins
Stiet Gerbrich, Sicko' bern,
Troch 't lyts benypte finsterrút
Har migen nei te sjen.
De sinne, dy't omlegens giet,
Skynt troch it finsterrút,
En tekent op it sket har skaad
Mei swarte ferven út.
Al blinkt har troanje yn sinneskyn,
Mei wangen, rûn en rea,
Swiersettich digert d' edelfaam
Oer Westerbierrums gea.
Dêr wurdt, krekt efter 't Hûs te Harns,
De sinne allinken wei,
En lit it yn in gleone see
Fan bloed en lôge nei.
Mei driuwt it each fan d' edelfaam
Yn triennen, klear en hjit:
O God, wêr Teaco, Douwe' soan,
Har leafde en hope, sit?
Mei 'n iizren stap komt Sicko no,
En tel, de treppen op;
Hja giet ferheard by 't finster wei;
Sjocht sûnder triennen op.
En komt har heit de keamer yn,
En set him swijend del,
Dan bringt hja tsjilk en krûk te plak;
Mar 't herte slacht har fel.
| |
[pagina 138]
| |
Striid en frede't Is nacht. Mids oan de souder barnt
In spûkige oaljelamp',
En Gratinga tinkt wapens út
Foar d' izerhurde kamp.
‘Ja Douwe’, bromt er, ‘naamste my
Myn hertebloed, myn soan,
En hest myn hiele libbenslok
Yn ivichheid bedoarn;
Naamsto myn laach de kroane ou,
Myn libben 't ienichst wyt -
Ta straf sa rekkest mei dyn skaai
Bestean en namme kwyt.
Ferdylgje sil dy Gratinga
Fan Fryslâns frije grûn.
Tel hesto troch myn help en my
In ein yn skande fûn!’ -
Sa praat er; 't ljochtgriis each sjit fjoer;
Syn antlit stiet yn gloed;
In djippe groede op 't iene wang
Wurdt hjit, en read as bloed.
It giele skynsel fan it ljocht
Falt oer syn griizjend hier. -
Dêr kreake wat - hy skrill't: it siicht;
De doar kaam op in kier.
Hy docht him wer mei foarsje ta:
‘Dêrefter loert de nacht,
En yn de fâlden fan har klean
Ferstekt de Hel syn macht!’
| |
[pagina 139]
| |
En as er letter flokkend ropt:
‘Ik bin it wachtsjen sêd!’
Dan wurdt er eang fan 't eigen lûd
En strampelt skril nei bêd.
It leaflik bern fan Gratinga
Socht jûns de wrine ek op;
Mar 't sliepen wol net; 't herte slacht
Har fel, mei klop op klop.
En as hja tinkt, wêr dat har heit
No mei syn help op sint;
Hoe 't spoek der wrake yn wylde feart
Op 't Hûs te Harns oanrint;
Heal dreamend bloed en lôge sjocht,
En kermjen, gûlen heart;
Al sjocht, hoe Teaco mei syn folk,
Syn hiele slachte, stjert, -
Dan dûkt hja yn de kjessens wei,
En krimpt fan flymjend leed,
En snikkert wyld en stint en kleit:
‘O God, wat binn' Jo wreed!’ -
It flugge hert, fan hûnetosk
Tebiten en teskuord,
Dat opspringt - delfalt - fierder rint -
En dochs wer fongen wurdt;
En 't goarrich reau al kommen sjocht,
En dochs net fierder kin;
Har wite tosken grymjen sjocht;
Har azem fiele kin, -
Dat eale dier, sa fyn, sa kein,
No driuwend yn syn bloed,
Dat fierder wol - net fierder kin,
En dwylt fan eangstme en noed...
| |
[pagina 140]
| |
Mear as it bern fan Gratinga,
Mear lije kin it net;
Yn swierder striid, yn djipper smert
En deadseangstme is it net.
O sjoch har dêr, dy blanke blom,
Op 't ikehouten bêd,
Wêr 't moantsje sulverskyn oer jit,
In ljocht, sa klear, sa glêd!
O sjoch har dêr, in hearlik byld
Fan jonkheids swiidste pracht;
Mar wei yn smerte, yn triennen wei,
Omwoelend yn de nacht.
O sjoch har dêr, de mûtele earm
Om 't wite kjessen slein;
De holle yn 't gouden hier fertiisd,
Mei sulverljocht oertein.
O sjoch! en hear dy snik op snik
Ienteanich yn de nacht,
Lyk as oan see, wêr baar op baar
Aloan tsjin d' iggen slacht. -
Sa bûcht yn stoarm en buoien rein
De roas it kopke del;
En brekt, ferwurdt, fertrape yn 't slyk,
Wurdt har de stoarm te fel...
Mar as de faam it each
Tafallich iepen docht,
Dan blierket har it moantsje ta,
En sjocht har oan en winkt har ta,
En digert sa, en glimket sa,
As lake har, mei himelsk ljocht,
Marije selme ta.
| |
[pagina 141]
| |
Stille frede, golle leafde
Dauwet út de himel wei;
Wa mei 't each nei boppen libbet,
Him is ivich treaste nei.
En de moanne mei de stjerren,
Fonken fan it ivich ljocht -
Wa har treast yn leed bejearren,
Ha hja altiid frede brocht.
Oft de grize Zoroaster
Dêr syn Ormuzd gloarjen seach;
Blonk de Joad dêr syn Jehovah,
't Ivich grut bewâld yn 't each;
Sjocht de Kersten yn syn himel
D' iivge leafde fan in Heit -
Alle minsken fyn' dêr boppe
Leafde en treast en sillichheid! -
Oan 't finster knielet d' edelfaam
En digert nei omheech;
Wat is it moai, dat kleare swurk!
En wat is d' ierde leech!
Mei tûzen stimmen roppe hja,
Dy stjerren oan de loft,
Har siele nei de himel op
En jouwe frede en noft.
Hja sucht't wol swier, mar glimket blier:
‘Sjocht mem fan boppen dol?
Och earm’, hja is sa lang al wei!
Hja wie sa sêft, sa gol!
Heech yn de himel, einleas heech,
By God yn 't himelryk,
Is mem dêr net, yn silligens
Oan Jezus' mem allyk?
| |
[pagina 142]
| |
Marije, djipbesochte frou,
Wa hie sa'n leed as Jo?
Wat wiif, wat faam, wat leavjend hert
Moast lije lyk as Jo?
Mater dolorosa!
Do ferdroechste tûzen pinen;
Alle smerten wiene dinen,
Mar dyn siele bûgde net.
Jezus, 't leafste datste hieste,
Dy ferlearste,
O, wat flymjend djippe smert!
O Marije
Sjoch myn lijen
Hear myn kleien
Foar Dyn troan.
Sjoch myn leafde, klear as wetter;
Leavje kin gjin skepsel better;
Want sa leaf het God de minsken,
Do, Marij, Dyn soan!
't Blomke keart him nei de sinne,
Mar myn hert nei him;
't Sintsje spegelt yn de dauwe;
Sa myn hert yn him.
Alles, wat Dyn soan my learde:
Leafde en trou en selsferjitten,
Alles, alles woe 'k folbringe
Mar om him, om him!
Mater dolorosa!
Hoe wiesto te moed,
Doe't Dyn soan, Dyn ien en alles,
Weikromp yn syn bloed?
Doe't de krêften Him bejoegen,
Doe't men Him trochstiek...
Mater dolorosa, wie 't net,
Of dy 't herte briek?
| |
[pagina 143]
| |
O Marije,
Sjoch myn lijen!
Alles wol ik dwaan!
'k Wol myn goed, my sels, myn alles
Oan de Heare jaan.
Tûzen deaden wol ik stjerre,
Alles wol 'k bestean,
Mei mar 't ûnk syn holle oerdriuwe,
En wer fierder gean...
Wol God, myn heite hert besêftigje!
Wol mei Jo leafde him bejeftigje!
God, brek dat hege moed!
Mar 'k ha sa'n noed!
'k Seach fjoer en bloed;
It kriichsswurd seach ik blinken.
Syn folk waard wei;
Hy gyng har nei -
'k Seach him yn lôge sinken.
Mater dolorosa!
Sjoch myn leed, sa djip en near.
Goede blanke siele,
Wês myn foarspraak by de Hear!’
Dy súvre bea kleau op nei 't swurk,
It offer fan in herte;
Hja fierde in siele wjukljend op
Ut d' ôfgrûn fan de smerte.
En strak - lyk as in wite swan
By jûntiid op de mar,
Sliept fredich Sicko' leaflik bern;
De himel sjocht nei har.
| |
[pagina 144]
| |
TeacoDe moarn komt op oer 't Hûs te Harns
En oer Dyksherne's gea;
Ut dampen kliuwt de sinne op,
Dy fijân fan de dea.
Har ljocht falt yn de hege stins
Foar Douwe in ingel lyk;
It jaget al syn dreamen fuort
Nei 't swarte deaderyk.
Hy liket ek in skynsel hast,
Dat oerbleau fan de nacht,
Sa bleek, ferwyldre en ûngedien
Fynt him it sinneljacht.
Hy klaait him oan en sit dan del,
En mimert lang oanien;
En seit, djip suchtsjend, yn him selm':
‘O God, wat hab ik dien!’
De treppen kreakje, en Teaco komt
Syn heite keamer yn.
‘Moarn,’ wol er sizze; mar hy hâldt
Ferheard syn wurden yn.
Hy sil wer fuort; mar Douwe wiist
Mei 't each in sit him oan;
Hy stoarret suchtsjend nei dy feint,
Sa frisk as d' iere moarn.
No wurdt ek Teaco's iepen each
Mei 'n swarte wolk oertein;
Troch heite woeste died naam ek
Syn moaiste dream in ein.
Hoe faken mette 'r Sicko' bern!
Hja wien' elkoarren goed;
Mar foar har leafde wie de haat
Fan d' âlders kant te tsjoed.
| |
[pagina 145]
| |
Dy skoatt'le har de mûlen ticht;
Mar dúdlik spriek it each,
In taal, dy teller as de tins
Fan d' ien nei d' oare fleach.
Sa folste súvrer wie de min,
Dy't yn har herten lei;
Klear, as de dau yn 't blommehert
By d' opkomst fan de dei.
Sa wie har boask, wat nimmen wist,
It dreambyld fan har hert;
Sa hiene hja, elts foar him selm',
Elkoarren trouwe sward.
Mar alle dreamen wiene reek,
Ferdwûn wie alle ljocht,
Doe Douwe Sicko' stege soan
Ferwoed om 't libben brocht.
Sûnt skate in ôfgrûn, djip en swart,
Dy herten fan inoar;
Dochs woe hja nimmen habbe as him
En hy gjin ien as har. -
Dat alles gyng yn Teaco om.
O, Douwe wist it net,
Hoe't hy de dei feroare hie
Yn nacht, yn Teaco's hert!
Hy mymre aloan, mar sei op 't lêst:
‘Der hinget oer ús laach
In swarte wolk fol wee en ûnk;
In útkomst sjoch ik skraach.
Yn swiere dreamen lei 'k tenacht:
'k Seach Sicko Gratinga
Dy lôge en bloed brocht oer ús Hûs;
Hy moarde 'r wyld op ta.
| |
[pagina 146]
| |
Ik seach my selm', mei wiif en bern,
Fan grime dead omjûn;
En hoe't ik, ûnder Sicko' hân,
De dead yn 't fjochtsjen fûn.
Ek seach ik dy; de moardnersheap
Socht goarrich ek dyn dea;
In gjalp fan bloed besmodze dy,
Bedobbe dy de lea.
En op de gruzels fan ús hûs,
Ut walm en reek en bloed,
Kaam op: in ingel mei in swurd,
En rôp mei tongerlûd:
‘Teplett're is 't leffe moardnerslaach!
De lêste leat is wei!
Har namme is wei; dat 's bloed om bloed;
Gjin minske folg' har nei!’
Hy swijde, en 't sintsje wie sa ljocht!
It fûgelt floite blier;
En bûten om dit faaie hûs
Wie alles fleur en tier.
‘No wol ik net’, sa farde 'r fuort,
‘Dat 't âlde slachte stjert,
En 'k hab op dy foar ús behâld
No al myn hope set.
Gjin kriger bisto; want dyn hert
Is wûnder sêft en myld;
Do hest in mier oan alle skeel:
De kriich is dy te wyld.
In sjonger bisto: grut en sterk
Yn sangen bisto wol;
In learde bisto: skerp en tûk
Yn tinzen bisto wol.
| |
[pagina 147]
| |
As oaren goaiden mei de bal,
Of roaiden mei it swurd,
Hongsto as jonge meast oer 't boek;
Sa waardst in man fan 't wurd.
Al bliuwsto hjir, oant dat ús hûs
Fan har besprongen wurdt,
Sa bisto yn dy felle striid
Ta neat dyn slachte nut.
Wy binn' de lêsten fan ús laach;
Us namme stjert mei ús.
Asto net fluchtest, falt mei 't Hûs
Us namme ek wei yn grús.
Nee, gean om utens; fal ik dan,
Dan libje 'k jit yn dy.
Set do, troch kunde en witnis, glâns
Oan d' âlde namme by.’
‘Dat net’, sei Teaco, ‘nimmer net!
As 't moat, gryp ik nei 't swurd.
Foar d' eare is my gjin striid te stoer,
Falt my gjin wurk te hurd.
Hoe! soe ik glûpe fan myn erf?
Nee dûbeld skande oer my,
As ik myn âlders grûn ferliet!
Heit, ik bin Fries en frij!
Al is de striid myn libben net,
Dochs is myn hân net slop!
Ik nim mei nju it swierste swurd
Foar eare en frijdom op.
En bûge wy de hurde kop,
Heal ôfbeund, foar har macht;
En leit de dead oer jo en my
Syn ivich tsjustre nacht;
| |
[pagina 148]
| |
Dan fynt m' it swurd jit yn ús hân,
Dan priizget elts ús moed
En 't fierste neiteam rommet jit
Us krigel heltebloed.
Sa binn' w' oan d' âffaars drege sin
Foar eare en frijdom trou!
Heit, wat der barre mei, ik bliuw;
By God, dat swar ik jo!’
Doe seach de heit syn soan yn 't each,
En helle 'm nei him ta;
En oer dy beiden foei it ljocht
Der sinne, en glânzge sa.
| |
De pylgromYn skimerjûn sit Gratinga
Mei Gerbrich yn it seal;
De lêste reade sinnestriel
Ferljochtet har mar heal.
In tsjinstfeint komt de keamer yn:
‘Der is in pylgrom foar,
Dy freget om in ûnderdak;
Hy wachtet by de doar.’
‘Hy komme harren’, is 't beskie,
En Gerbrich set in sit,
Wêrop in pylgrom, âld en griis,
As wurch, him falle lit.
Hja bringt him flesk en skinkt him wyn;
Mar 't measte lit er stean.
Hja fielt, as s' yn syn eagen sjocht,
In kjeldme oer har gean.
Al ringen het er 't iten dien,
En tanket foar it miel.
‘Ik krige’, seit er, ‘fan jo geunst
Moai ryklik jûns myn diel.
| |
[pagina 149]
| |
Ik woe wol graach, as 't barre mei,
Jo dêr jo lean foar jaan.
Goud hab ik net, ek oars gjin goed;
Mar sjonge, dat kin 'k dwaan.
As 'k jimme dus in deugd dwaan kin
Mei 'n sang, dat doch ik jern;
In Noardske balke hinget dêr?
Hawar, wy kinne 's sjen.’
Hear Sicko weitst út dreamen op:
‘Ei ja, dat mei 'k wol ha.
In lietke, fromme broeder; sjong
Der mar fol fleur op ta.’
No kriget Gerbrich 't ynstremint
En jout it Teaco oer;
Wyld taast er yn de snaren om,
Heal doelleas, mar fol fjoer.
‘In fleurich sankje?’ seit er dan,
‘O hear, dat ken ik net.
My is de sang de taal fan 't hert,
Net fleurich is my 't hert.
Nee, 'k swij dan leaver, en bedjer
Jo fleurich sin mar net.’
‘Helje op jo sang’, seit Gratinga,
‘En sprek de taal fan 't hert.’
De jonkfrou trillet as in blêd
En hâldt de siken yn;
De pylgrom sjocht har sydlings oan,
En set in sankjen yn.
It is in sljocht, ienfâldich liet,
Dat fan it spyltúch rûst,
Mar elts fernimt de see fan leed
Dy't yn de toanen brûst:
| |
[pagina 150]
| |
Wêr dat ik kaam,
Gjin oare faam
Koe sa myn hert belêze;
Yn fleur en noed,
Yn goed en tsjoed
Mocht ik by dy wol wêze.
Myn wille en smert,
Myn hiele hert
Woe 'k dy wol iepen lizze.
Myn siele en sin,
Al wat ik bin,
Dat woe 'k oan dy wol sizze.
Ik leau foar fêst,
Myn leed en lêst
Dy soesto wol wer helpe.
De swierste sucht,
Dy 't hert ûntfljucht,
Kin trouwe leafde stjelpe.
As 't moed m' ûntsonk,
Fertiisd yn 't ûnk,
Benypt troch libbens pleagen -
Ik fûn wer ljocht
En libbensnocht
Yn 't blierkjen fan dyn eagen.
Do seachst my oan,
En 'k fiel it skoan:
Do mienst it my sa tige.
Al sei 'k it net,
Do kenst myn hert:
Ik woe wol, dat 'k dy krige.
Mar 't kin net ha;
En 't muoit my sa:
Wy kinne elkoar net krije.
Do moatst om my,
| |
[pagina 151]
| |
En ik om dy
De swierste pine lije.
No doarmje 'k om,
Ferbûke en stom;
Gjin faam kin my belêze;
Want wêr ik bin -
Myn siele en sin
Wolle ivich by dy wêze! -
It liet is dien; de sanger swijt
En set it spyltúch del;
Stil sit it bern fan Gratinga,
Har boarst giet op en del.
Mar as s' elkoar yn d' eagen sjen,
Dan brûst der troch har lea
Ien fieling: iivge leafde en trou
Oant d' oere fan de dea.
Hy seit jin Sicko, dy't er ek
It hert oan 't triljen brocht:
‘Dat is in sankje út d' âlde tiid;
Ik ha 't as feint betocht.
Doe ha 'k troch 't woedzjen fan de haat
Myn bêste faam ferlern;
Gjin moaier faam as Teatske wie
Yn 't hiele gea te sjen.
Blank wie har siele, waarm har hert,
En kras en fluch har hân;
Mar 'k ha dy leave faam ferlern
Troch heite ûnferstân.
Hy wie in man fan krigel aard,
Mar hurd en rou fan moed;
Syn wachtwurd wie: troch 't swurd ta rjocht;
Syn kenspreuk: bloed om bloed.
| |
[pagina 152]
| |
Har heit hie krekt sa'n aard as hy,
En altiid hien' hja skeel.
Dat makke 't libben har ta lêst,
En lijen waard ús deel.
Hja fochten ivich; moard jin moard;
En barnden dat 't wat die.
En woestens folge woestens op,
Neat, wêr de wraak foar stie.
Myn faam waard dêr it offer fan;
Hja stoar, dy blanke blom.
O God, wie haat en wraak der net,
Wat wie de wrâld dan rom!
Dêr wit ik ek in sankje fan;
Ik leau, it bleau my by.
It sprekt fan leafde en 't sprekt fan haat;
O, harkje 's goed nei my!’
Mei 'n lûd, dat opstekt as de stoarm,
Dy giert troch 't wintrich wâld,
Dy mei syn near gebolder sjongt
In deasang foar de wrâld,
Sa ropt de pylgrom, as er grypt
Yn 't machtich spyldersark,
En lege toanen rôlje lit:
‘Fan haat sil 'k sjonge; hark!’
Grym as 't rôfdier, dat omglûpt troch tsjustere wâlden,
Helske lôge yn it each en de tosken heal bleat,
Wyld de hierren oerein, en de neilen al klear
Om it laam te ferskuorren, it doke te knoeien,
As in pod sa feninich, dy't omkrûpt oer 't paad,
Is de haat.
Haat is 't bern fan de divel, út leafde faak berne;
Haat is suster fan 't leed, dat jins libbenslok fret;
Haat is maat fan de sonde, fan brân, moard, fergif;
| |
[pagina 153]
| |
Haat is mem fan de wroechwjirm, dy 't hert jin tefiket.
In wolk fan ferdjer walm't der op út de saad
Fan de haat.
Haat is 't swarte fenyn, dat de divel jin yndript.
Yn it hert falt ien drip, dy't him dalik ferspraat.
't Waachst aloan, en de siele, dy blank wie en skjin,
Wurdt fan 't gleone fenyn no besmodze en trochkankre.
Gjin fjoer dat sa barnt, dat sa'n walmen ferspraat
As de haat.
Earm, ja earm neam ik dy, al hest skatten en troanen,
Waam de haat ta syn slaaf het; dyn libben is nacht;
Dyn hert is in tsjerkhôf, hol, tsjuster en kâld,
Dêr gjin blommen op bloeie, gjin fûgels oer floitsje.
Bleke dea strampelt om mei de seine, op it paad
Fan de haat.
Hy swijt en sjocht Hear Sicko oan,
Dy stiif te harkjen sit;
Waams ljochtgriis each, oars strang en kâld,
Yn frjemde lôge stiet.
Syn noasters stean wiid út inoar,
Rêd beeft hem d' ûnderlipp'
Hy fielt de pine, djip yn 't hert,
Fan dy feninedrip.
Der giet wat om yn Gratinga!
Hy sjocht him selme, en - trill't;
Wykt foar syn eigen byld tebek;
Betinkt syn lot, en - skrill't.
En hja, dat byld fan leafde en ljocht,
Dy stille, bleke faam,
Waam by dy sang in neare wolk
Fan freze yn 't herte kaam;
| |
[pagina 154]
| |
Hja hinget oer nei Gratinga,
Har antlit by syn wang,
En sjocht him troch har triennen oan,
Skril, freegjend, lang en bang.
‘Wat oars’, seit Sicko, ‘fromme man!
Dit liet foldocht my net.
Wy moatte fleur'ger sangen ha.
Dit krijt jin frjemd by 't hert.’
‘It oarde part fan dizze sang’,
Seit Teaco, ‘is fol fan tier.
Dit wie de haat, de leafde is dat;
Dy makket gol en blier.’
Doe naam er wer it spylark op,
En d' eagen fjurken him;
Syn wêzen lei in himel oer,
In ingel spriek út him:
Bûch, ierde, foar de himel del,
En lit dyn sangen driuwe;
Lit as in ljurk nei 't hege swurk
Dyn hertelofsang kliuwe;
Mei snareklyngklang, harpnelûd,
Lofsjong de leafde, 't heechste goed!
O, wurch fan 't bodzjen, minskneskaai,
Sjoch op, tsjoch op fan d' ierde;
Lit himeldau oer jimme hert
Syn koele frede spriede.
Ferjit, ferjit, o wjirm, dyn striid!
Wês, minske, yn God no einleas bliid!
't Sij jimme treast by goed en noed,
Dat, boppe 't swurk, de Heare
Syn ear net foar jim sletten het,
En 't kwea goed sil beteare.
Dat oer jim fjochtsjen, rou en hjit,
Gods leafdesinne yn gloarglâns stiet.
| |
[pagina 155]
| |
It swurk is Gods blaustrieljend each,
Werkeatst yn 't kleare wetter;
Sa fall' Gods leafde yn 't minskehert,
En meits it ljochter, better.
Sa hinget ek Gods albewâld
Grut, machtich oer de minsknewrâld.
Besocht troch 't tsjoed, o gryp wer moed!
God sil dyn suchten stjelpe.
Besocht troch 't kwea, o wurd wer goed!
Gods leafde sil dy helpe!
Ut nacht fan sonde, út jinspoeds see,
Kliuwt laitsjend op Gods goudne free!
Ut Jezus' dwaan op Golgotha
Sille alle minsken leare,
Dat leafde 't wyt fan 't libben is.
‘Ferjou’, sa sprekt de Heare.
Dat, wa't him sels fersmyt, ferjit,
As God yn 't Boek fan 't Libben stiet.
De leafde is God! hja makket ryk,
Foldocht de djipste winsken.
Hja makket d' ierde in himel lyk,
Ta ingels sljochtwei minsken.
Wy siikje rêstleas om nei rêst...
Hab leaf! dêr einget alle lêst.
Hab leaf - 't Wurdt ljocht! Wyk, swarte haat!
No moatte d' ûlen skiede.
Wyk nacht, do mei dyn tsjuster skaad!
De sinne komt oer de ierde.
Tsjilp, tsjotterje op, swel, mosk en ljurk!
Bûch, minske! God stiet selme oan 't swurk.
‘En no’, sa sprekt er mei in lûd,
Dat trillet, himelblij,
‘No sil ik fierder, eale Hear;
Gods leafde stean jo by.
| |
[pagina 156]
| |
Ik winskje jo dy frede ta.
't Wês yn jo siele dei.
As dêr de haat gjin wenplak het,
Is 't hearlikst lok jo nei.
Het faak in minske jo misdien,
Fergeat er fan jo bloed,
Dan winskje ik jo as wrake ta:
Ferjild it kwea mei goed.
Ferjouwing jout allinne rêst
Oan 't hert, dat sis ik jo;
En alle wurken fan de haat
Jouwe ivich neiberou.’
Mei jout er Gratinga de hân;
Mar dizze sjocht him oan -
En skrill't - en lûkt de kap him ôf...
Ja wis, 't is Douwe' soan!
No wykt de frede yn 't flamjend each,
Dat read berint mei bloed
De hân oan 't swurd, sa stiet er dêr;
In liuw, sprongklear, ferwoed.
De faam, dy't mei in skreau fan skrik
Him yn de earmen fleach,
Dy stompt er mei ien dúst tebek;
Oer Teaco broeit syn each.
Mar dizze bliuwt dêr rêstich stean;
Stoer as in ikebeam,
Dy sûnder bûgen 't haad opstekt
Yn 't ûnwaar oan wâlds seam.
't Is stil - hja steane foar elkoar;
Har mûlen binne stom.
Skrik, woede en leafdes fêste moed
Brûze yn dy herten om.
| |
[pagina 157]
| |
‘Ja, ik bin Teaco, Douwe' soan’,
Seit dizze, ‘ik song foar jo.
No witt' jo alles; op no, op,
Nim wrake, dei my no!
Myn heit het jo in soan ûntnomd,
Nim wrake; dei jo my;
Dan binn' jim lyk; stjit ta, stjit ta!
Mar lit dan d' oaren frij!’
‘Stil’, lústert Sicko, heas en rou,
‘Jongfeint, ik dei dy net;
'k Beklei dy en dat earme bern.
Fuort, fuort, my brekt it hert.
Ik - God, wat wurd ik swier besocht -
Ik kin net mear ferjaan.
Fuort, wachtsje ús ôf, tel komme wy;
Dêr is neat oan te dwaan.
Der is in wet, strang, kâld as stien,
Mar ûnferbidlik wier:
It bern moat lije om d' âlders skuld;
O bern, jimme ûnk is swier!
Ik hab in eed fan wrake sward;
Dy brek ik nimmer net.
Ferlit dit hûs, sa tel as 't kin.
Dizze oere kaam te let.’
‘Heit’, bidt no hja mei mylde stim,
En falt har heit te foet,
‘Jo witt', jo brekke my it hert;
Ferjild it kwea mei goed.
Jo eigen bern, dat neat misdie,
Soe lije troch jo hân? -
Jo witt' no alles; siker, heit,
Jo wrake is ûnferstân!’
| |
[pagina 158]
| |
‘Stean op’, seit Sicko, ‘bern stean op.’ -
‘Nee heit, earst hear my oan.
Wit, al myn libben en myn lok
Dat leit yn Douwe’ soan.
Mar' - en no komt hja tel oerein -
‘Him bliuw ik ivich trou.
En Teaco' dea, is ek myn dea.
By God, dat wik ik jo.’
‘Feint, út myn hûs’, falt hy no út,
‘No dalik, dalik fuort!
Ferwachtsje 't ûnk foar jimme stins.
Dat is myn lêste wurd.’
Mar Teaco ropt yn triennen út:
‘Faam, ivich farrewol.
Ferjit my, dy't dy nea ferjit,
Blank hert, sa trou en gol.
Mar brek dyn skuldleas libben net;
Laad op dy sels nin flok.
Farwol, faaks bloeit der jit foar dy
Op ierde in hearlik lok.
Licht fal ik; mar myn lêste sucht,
Myn Gerbrich, is foar dy;
As my de lêste sike ûntfljucht,
Dan faam, jit seinje ik dy!’
Hôl klinkt syn stap dan troch de gong
Hôl klinkt er yn har hert;
Sa beart it, as de hammer slacht,
Foar 't lêst, op 't swarte fet.
Hja falt; swart sjocht har Sicko oan;
Ek him is 't moed sa fol;
Mei triennen sjocht dy hurde man
Op Gerbrichs lijen dol.
| |
[pagina 159]
| |
Mar teffens bromt er: ‘Douwe falt,
Wat as der dan ek bart;
Hy sil fergean mei wiif en bern.
Dat sil! - ik hab it sward.’
| |
De kriichDe moarn wie komd mei blauwe loft
En mylde simmersiichjes;
Lyk as in breid mei kante lea
Blonk 't sintsje, klaaid yn moarntiidsrea,
Wylst hja temûk har sels beseach
Yn 't daudripke op de twiichjes.
Oerdei kaam yn it west in bank,
Mei wolkjes, grize en wite;
Near broeide 't swurk oer 't hjitte gea;
Hjir dodde ien loai yn 't rûkend hea,
Dêr angle in fisker oan sleatswâl,
Mar 't bearske woe net bite.
Sleau warde it guod de brimzen ôf,
Wyl 't yn de sleur wei kôge;
De gies lein' slûch oan wetters ich;
Ienteanich gûnzen brims en mich;
It lânfolk wie sa stil by 't wurk,
En hiel natoere drôge.
No 's 't lette jûn; it swurk is swart
Mei donkerreade rânen;
Stil! d' ierde hâldt de siken yn. -
No rûst it; wylder wurdt de wyn.
In stoarm komt op; it reint; 't is nacht.
It ûnk taast oer de lânen.
Wês wolkom, stoarmwyn; wolkom, nacht,
Yn Westerbierrums gea!
Sjoch! Sicko bringt mei man en macht
Oan 't Hûs te Harns de dea.
| |
[pagina 160]
| |
Op hynzers ride fjouwer man:
Dat 's Sicko mei syn folk.
Har giet in kliber kriichslju nei,
Swart as in tongerwolk.
De wein, dy't oars de boer it hea
Of 't nôt de skuorre yn bringt,
Draacht no in heap droech hout en strie,
Mei pik en tar en oar gerie,
Wêr Gratinga, lilts as in liuw,
Syn fijân mei bespringt.
Har sjocht troch 't finster fan de stins
Syn dochter Gerbrich nei;
Mar yn de stoarm wurdt alle lûd,
't Folk sels yn 't tsjuster wei.
Want nearer, tsjokker wurdt de nacht;
De stoere stoarm boaz't oan;
It ljochtet boppe 't Hûs te Harns...
No sjocht se 't kriichsfolk skoan. -
Earm fammehert, wol slachste wyld;
Dêr giet wat yn dy om!
Blau each, do hest gjin triennen mear;
Moai mûlke do bist stom.
De kleur is fan de wangen wei,
En oer de rûne lea
Rint soms in kjeltme, rimpen, as
Yn d' oere fan de dea.
Wat is hja yn dizze oere moai,
Dy echt Fryske edelfaam;
Sa grut, sa kein; waam no in nacht
Fan leed de fleur ûntnaam.
| |
[pagina 161]
| |
As 't bleke moantsje, yn wolken wei,
Mei 't waas der smerte oertein,
Sa sjocht de faam ta 't finster út,
Troch stoarm en nacht en rein.
It jak, dat twang it boarst omslút,
Giet hastich op en del;
Dêrûnder brûst in wylde see;
Dêrûnder stoarmt it fel.
En 't needwaar boaz't aloan; it west
Spijt fjoerge slangen; wolken
Brekk' jin 'noar; tonger beart; de rein
Ploft del út himels kolken.
Yn lôge stiet de wrâld; wyld, frjemd
Is 't swurk - dan is 't wer nacht.
Wat seach hja? - Om it Hûs te Harns
Krielt heite legermacht.
Ja, brek no frij yn snokjen út!
De felle striid begjint.
Hark, hoe't in kriichsskreau, skril en rou,
Oan stoarms hân 't gea troch rint.
Hark, hoe't dêr ûnder op de grûn
En boppe yn 't himelrom,
De wylde striid oan 't bearen is;
Hoe 't stoarmt en giert rûnom.
't Komt neier; sjoch, hoe 'n slang fan fjoer
Omkrôlet troch it swurk;
De tonger rôl't him efternei,
Nimt oer de stins syn kronkelwei,
Dy droanet; alles skoddet mei.
Gods woede is fel oan 't wurk. -
Earme faam; kjel, heal bedwelme,
Hoe, do stiest dêr jit?
God, dat each! 't Sjocht stiif nei 't westen,
Wyl 't yn frjemde lôge stiet.
| |
[pagina 162]
| |
Lôge leit om 't Hûs te Harns.
Hark! troch tonger, rein en wyn,
Klinkt in skreau om help oer 't lân.
't Fjoer spat op as gleon fenyn.
't Wetter mei fan boppen eaze,
't Fjoer is al te folle mânsk:
En de stoarm waait wyld de fonken;
Sjoch it Hûs: hoe'n skrille glâns!
Dêrboppe krôl't de wjerljocht om;
De tonger boldert lûd;
De wrâld út alle foegen skuord,
Stiet yn in frjemde gloed.
En Gerbrich stiet foar 't finster; docht
It iepen, sjocht oer 't gea; -
Mar lûkt de holle skril tebek;
Sa'n sprong - dat wie de dea;
‘De dea?’ - Nee, libje! - ‘Mar foar wa?’
Foar heit! - ‘Foar heit? de man
Dy't al har lok mei fuotten skopt?
Mei heit?’ - Dêr skrill't se fan!
‘O, 't libben is sa rou en wyld,
Sa fol fan haat en striid.
De leafde fan in man - dat 's lok;
Ja, sielnju jout it houliksjok;
Mar libje, allinne, sûnder wyt...
Dan better út de tiid.
Is sliep net 't swiet út libbens tsjilk?
Is hearlik net de rêst?
En dea, dat opstean út it leed,
Is dea dan net it bêst?
| |
[pagina 163]
| |
God, sjoch dy fjoergloed; hark dy skreau!
Yn fjoer stiet ek it swurk.
Wat 's dat? De poarte is iepen? - No
Begjint it moardnerswurk.
Nee, no de dea; mei Teaco dea;
Tegearre yn 't himelsk lok. -
Wat? - Teaco sei: “Laad op dy sels
Foar ivich net in flok!”
Nee, wyk o wyk dan, grousum spûk,
Dat my ferliede wol!
'k Sil libje, o God, mar 't falt sa swier;
De dea is myld en gol.’
No fljocht it swurk yn wylde feart;
Oer bergen springt it fjoer.
De tonger boldert fan ferdjer,
En skoddet d' âlde toer.
It wurdt har dêr te bang, te near.
Hja wol, hja moat der út.
Wêrhinne? - O, nei 't Hûs te Harns!
De lôge slacht der út.
Hja strampelt troch de lege stins
En komt op 't hiem; de doar
Waait ticht; de linebeam
Set kreakjend him tsjin 't waar te skoar;
Hja stiet der helpleas foar.
Wyld waait de wyn har yn de klean,
Dy flodderje om har lea. -
't Is efkes stil, 't waar jout him del...
Mar... 't wjerljocht't... help! - it tongert fel...
De beam spat út 'noar - Gerbrich falt -
God! Sicko' bern is dea!
| |
[pagina 164]
| |
Ja, raas no, bylje, o bolderwyn,
Rûs, reagje yn Fryslân om!
Dea, dea, teplett're is Sicko' bern;
Wei is dy moaie blom.
Tewyl't de heit mei grime haat
Dea bringt yn Douwe hûs,
Leit dêr syn bern, de pronk fan 't gea. -
Raas, stoarmwyn, bylje en rûs!
Tiis wyld yn Teaco' hierren om,
En jou him koelte en krêft.
It Hûs leit del yn gruzels, fol
Fan deaden is de grêft.
Hast is de striid ta 'n ein; syn heit
Foei ûnder Sicko' swurd;
De straffe foar syn rouwe died
Wie binlik, rjocht, mar... hurd.
En as in reus, sa striidt syn soan.
Toe, Teaco, moed, hâld stân!
Hja soen' dy fine, kâld en dea,
Mar 't swurd jit yn de hân.
Sjoch, trije man rinne op him yn;
Har knyften binne rea;
Hy wykt, de helt; hy stroffelt - falt;
En 't rouwe kriichsfolk raast en balt,
En skattert om syn dea.
Sa sonk de lêste fan dit laach
Yn bloed en lôge wei;
Lyk as de sinne, omjûn fan mist,
Rêst fynt nei 'n neare dei.
Djip yn de nacht giet Sicko fuort;
Syn haat fûn hjir in ein;
Bewuolle yn kleden leit it lyk
Fan Teaco op in wein.
| |
[pagina 165]
| |
Tel is er op de stins; syn bern
Wie fan de boaden fûn.
Hja leit no op it deadebêd;
De boaden sitte yn 't rûn.
Hy neiert. - Stil is 't... Stoere man,
Wat trillest! - Sjoch, dyn bern!
Dy mûle sil gjin lûd mear jaan,
Dat each sil net mear sjen!
Dea! - 't Treft him as in bliksemslach,
Dy 't swurk brekt, skerp en fel;
Hy snikkert, hastich, woest en wyld...
Sa falt er foar har del.
| |
Teaco en GerbrichDe tsjerke fan Westerbierrum
Naam Teaco en Gerbrich op;
En har ûnk waard djip beklage,
En fier oer 't lân gyng har rop.
Lei Douwe syn Hûs ek yn gruzels,
En bleau Sicko syn stins dêr ek stean,
Oer dy beiden liet letter it wetter
Syn wylde weagen gean.
De see het it lân oerdutsen
Mei wetter, heech en leech;
En alles is tebrutsen,
Hoe hecht it wie en hoe dreech.
En oer Westerbierrums tsjerke
Skolpert no de skomjende see,
En de weagen fertelle elkoarren
Fan Teaco en Gerbrichs wee.
En as hja tsjin 't strân oan stjitte,
Dan sjonge s' ienteanich har liet,
En fertelle fan Teaco en Gerbrich,
Fan har leafde en har fertriet.
|
|