Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Wat moatte us jonges wurde? It sinneljocht dat trillet Oer blêd en blom en krûd; Foar 't iepne finster boartsje Twa bern sa wyld en lûd. Dêr wrakselje twa boikes Fan âlve en trettsjin jier; Hja rôlje oer gers en blommen, En krije inoar by 't hier. By 't finster stean har âlden, En laitsje yn silge nocht; 't Is alles fleur en libben, 't Is alles simmerljocht. ‘Wat moatte ús jonges wurde?’ Sa freget mem oan heit; Hja wiist nei 't rimpne foltsen, En glimket wylst hja 't seit. [pagina 167] [p. 167] ‘Us Jan moast master wurde: Hy hat in kop, dy Jan! It fljocht der yn as wetter; Sels master ropt der fan. Dan is der gjin gelearder Yn 't hiele doarp as hy! Ja, master moat er wurde, As 't ús wat barre mei.’ ‘Gjin master sil er wurde,’ Seit heit; ‘hja wurde boer. Ik hab in aardich spultsje, Dat nimt Jan letter oer. Wat sill' de bisten glimme, Dêr't hy syn hân oer het! Ja, 'k hoopje, dat de jonge Syn sin op 't buorkjen set.’ De jonges tinke om neat mear Yn al har dertne noft - Fan 't swart súdwesten neiert In tsjokke tongerloft. ‘No is 't ek sa,’ seit mem wer, ‘Sa'n skoalle is alles net Dan moat er altyd sitte, Fan moarns ier ont jûns let. Mar boer?... 't soe sonde wêze Fan sokken snoade kop; Set Hindrik yn ús spultsje, Mar Jan moat heger op.’ ‘Ei wiif, hoe kinst it sizze? Hoe komst sa mâl der by! 'k Bin sels in boer, myn bern sill' Ek by de buorkerij!’ [pagina 168] [p. 168] Sa praten dêr dy âlden. - 't Waard hommels stil om 't hûs; Dan rôlen grutte wolken, Doe reinde it by de rûs. Mem sei: ‘Wêr binne ús jonges? 't Wurdt my sa near om 't hert! Hja wien' hjir niis oan 't boartsjen; Mar no - ik sjoch se net.’ It wjerljochte, en de tonger Dy boldre lûd en fel. Doe gyng de man de doar út, De rein foel eazjend del. Dêr briek in striel fan fjoer wer Troch 't swarte wolkne tek; Hy, kjel en heal ferbline, Gyng skril in trêd tebek. Dêr hearde 'r ûnder 't tongrjen In gjalp fan 't djipste wea... Hy rydboske, en in kjeltme Gyng hommels oer syn lea. Hy rôp, mar neat gjin andert; Doe kaam syn wiif him nei, Hja gyngen yn de leane, Dêr kaam dat roppen wei. Hja stroff'len oer de tûken, Dy't foar har fuotten lein'; ‘O Heare, yn 't hege beamte Is grif de tonger slein!’ En doe't hja neier kamen, - Hoe skodden har de lea! - Dêr fûnen hja de berntsjes... Har berntsjes wiene dea. [pagina 169] [p. 169] Hja wiene út 't boartsjen weiskuord, No leine hja sa stil; Wyld ratt'le jit de tonger, De stoarmwyn gûlde skril. En wylst de tonger ratt'le De stoarm syn deasang song, Wylst leine dêr dy berntsjes, Yn 'e dea sa moai, sa jong! Mar mei syn skrille deasang Bringt no de bolderwyn De kleitean fan dy âlden De swarte himel yn. It wiif falt op de grûn del, Mei 'n skreau, de wyn te skril; De man wurdt wyt, bedwelme, En stiet sêft kreunjend stil. Dan sjocht er nei de himel, Dan op syn berntsjes del; Gjin wurden kin er fine - De smerte is al te fel. Mar einling seit er triljend En snikkert tagelyk: ‘Wat moatte ús jonges wurde?... Myn God, myn God, in lyk!’ Sa fljocht de hope hinne; Sa tel binn' dreamen wei! Hja bloeie yn 't ljocht der sinne; Ien ûnwaar nimt se mei! Vorige Volgende