Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 170] [p. 170] aant. Trou Hy het in famke te hôf brocht, Al jierren, jierren lyn; Dat grêf by dy grize tsjerke Leit it lok fan syn libben yn. Dy faam wie 't ljocht fan syn eagen, Dy ferjit er nimmer net; Har lichem begroef er op 't tsjerkhôf, Har siele rêst djip yn syn hert. Syn hert is it grêf fan syn leafde; 't Is tsjuster, yn djippe rou; Mar blier bloeit boppe de deade De ferjitmynet-blom fan de trou. Vorige Volgende