Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 134] [p. 134] aant. Sneontejun Klokken hear ik klinken Yn de stille jûn; 't Sintsje sjoch ik sinken, Wolkjes sjoch ik blinken, 't Hiele swurk yn 't rûn. Kij stean yn de greiden Heal yn dauwe wei; Feinten gean te meiden, 't Fûgeltsje yn de reiden Jout har sankjes mei. Klokken sjonge d' ierde 't Leaflikst widzeliet; Soargen moatte skiede, Frede glydt oer d' ierde, Frede, ûntinkber swiet!... D' ierde lei yn slomme, 't Klokkeliet wie dien; 't Fûgelt wie ferstomme. - 'k Bin, it hert ferromme, Stil nei hûs ta gien. Vorige Volgende