Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 135]
| |
As Fryslâns folk syn taal ferjit,
Dan sil in gonger komme
Dy gromjend yn de nacht rûngiet,
En 't bastre skaai ferdomje.
't Holgromjend skynsel, dat bin ik!
My sil nin berch fersette;
'k Slach, mei de swipe fan 'e skrik,
It bloed jim út it herte.
En is hjir dan in dichterhert,
Jong, brûzend lyk as mines,
Him sis ik: ‘Op! foar taal en wet!
Nim oan, myn harp wurd' dines.’
|
|