Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Rein As nei in droechte oer 't skrokke lân In hearlik reintsje komt, Dan stiet wer ringen d' ierde yn bloei, Mei gers en nôt en blomt. 't Is oft út eltse stobbe en tûk' Op nij wer 't libben brûst; 't Is oft in machtich skeppingswurd Op nij oer d' ierde rûst. Sa gyng it my. De leafde foel As simmerrein m' yn 't hert; Hja ropt wer goudne dreamen op, En 'k stúnje en suchtsje net. De sangen sjitte as blommen op, In hearlik siichje rûst; 't Is oft in nije skeppingskrêft Wer troch myn herte brûst. Vorige Volgende