Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 133] [p. 133] aant. In tsjerkhofblom Het de wintertiid syn wille, Ek it foarjier het syn leed; Oer de teare, griene knopkes Komt de froast soms, einleas wreed. Yn it liet fan 't opstien libben, Dat sa bliid rûst oer it gea, Sjongt in flymjend skerpe stimme Fan de kâlde, stomme dea. Hin, de knopkes blinke en pronkje; Fleur en libben is rûnom; Mar ik skriem om dy, myn suster, Jonge, bleke tsjerkhôfblom! Vorige Volgende