Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Sankje nei 't swyljen It wurk is dien, En elk en ien Nimt no syn spullen op; Hoe'n moaie jûn! 't Is stil yn 't rûn, Ferstomme is eltse rop. It sintsje doek Sa gleon en smûk Djip wei yn 't koele nêst; Ek mosk en ljurk Rêste út fan 't wurk, Geane ont moarnier te rêst. No sjonge wy Sa blier en blij Ta tank foar dizze dei; Wy swilen 't hea Mei flugge lea Fan gear en ekers wei. Fûleindich het De sinne bret: It dripte ús fan de lea; De minske het As fêste wet: Te skrippen om syn brea. No het de boer By 't winter foer Foar hynzers en foar kij; Gjin broei of skea [pagina 132] [p. 132] Bedjerre 't hea; Dat hoopje en bidde wy! Wat of me bout, As 't fruchten jout, Dan falt it wurk jin licht; As 't wierje wol, As 't waachse wol, Dan docht me graach jins plicht. Lyts binne wy, Mar sûn en frij As 't fûgeltsje yn de loft; Wie 't wurk ek swier, Hoe'n wille en tier Jout dan it itensskoft. Allyk in bij, Sa wrotte wy, Sa lyts is ús bestean; Mar dêrom kinn' Mei 'n fleurich sin Wy frij troch 't libben gean. Dêr stekt de toer De fjilden oer Syn hege grize kop; Gau skeppe wy De tsjokke brij Mei folle leppels op. Dan gean' wy sêd En wurch op bêd, En slomje swietwei yn; Heech oan de loft Dêr stiet fol noft It moantsje yn sulverskyn. Vorige Volgende