Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Fiskermansfaam Oan see sjocht dreamend de fiskermansfaam, Hoe't de baren nei 't strân ta skowe. Hja tinkt oan har fisker, en laket fol nocht: 't Is maaie; gau sille hja trouwe. Dêrjinsen yn see leit in fiskermanslyk, Te nacht yn it wetter sonken; Oan 't strân stiet laitsjend syn lokkige breid: Hy leit dêr jinsen - ferdronken. [pagina 131] [p. 131] aant. Yn 't easten hâld' wolken de sinne beskûl, De himel is swart klaaid fan rouwe; Oan see sjocht glimkjend de fiskermansfaam Hoe't de baren nei 't strân ta skowe. Vorige Volgende