Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 129]
| |
Farwol, farwol, do lytse klûs,
Wêr leafde en frede wenne;
Do trou en himmel âldershûs,
Ik moat fan dy fandinne.
Farwol, do tsjerkhôf, grien en stom,
Wêr heit en mem no binne;
De see is wyld en djip en rom...
Ik fiel my sa allinne.
Farwol, farwol, leaf plakje grûn,
Al moat ik dy ferlitte,
Al swalkje 'k wrâld en seeën rûn,
Ik kin dy net ferjitte.
|
|