Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Taal Wurden kinne in bulte sizze, Mar dochs sizze s' alles net. Meast bliuwt efter 'e mûledoarren 't Moaiste wurd, de taal fan 't hert. Dan moatt' faak de hannen helpe Mei har triuwkes, waarm en sêft. Sprekt de mûle kâlde wurden, Hannetaal het grutter krêft. Och, me mei net alles sizze; ‘Mem het altiid sa'n gemaal!’ Faak moat m' ûnder 'e tafel prate: Dat 's d' ûnsichtbre fuottetaal. Faak ek barde 't, dat in wurdke Oer de tafel hinne fleach; Nimmen hearde 't, mar twa herten Sprieken dêr de taal fan 't each. Wurden binne kâld en nuodlik; Faam, gjin jellenlang ferhaal! Praat do, sûnder eat te sizzen, Yn dyn goudne lippetaal! Vorige Volgende