Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Widzesang fan 't seemanswiif Sliep sêft, myn berntsje, ei slomje sa swiet! Heit is dêr bûten op 't skolperich wiet. Swalkjend yn Rein en wyn Dreau er fier wei - Sliep sêft, myn berntsje, mem is dy nei! Smûk leit myn boike, mei 'n mûlke as in kers; Prûs as in blomke, dat weikrûpt yn 't gers. Soarch en noed, Leed en tsjoed Binne fier wei - Smûk leit myn boike: mem is sa nei. Ynleave jonge, hoe glimkest sa blij? Dreamst fan in ingel, dy't wacht hâldt oer dy? Kypje mar Blier nei har; Glimkje tsjin my - Ynleave jonge, mem is by dy. No hest gjin soargen, mar gau komme hja; Ienkear moatst ek nei de wetterkolk ta. [pagina 130] [p. 130] aant. Dan moatst yn Rein en wyn, Fier fan my wei - No hest gjin soargen, mem is dy nei. Tink om my, leave, as ienkear dyn skip Swalket oer libbens wyld skomjende djip. 't Wetter wâl't, Stoarmwyn bâlt, Dea is neiby - Tink dan, myn leave, mem is by dy! Ynleave jonge, ast swalkest op 't wiet, Kin 'k dy net hoedzje tsjin ûnk en fertriet. Ut dyn hert Wyk ik net, Al bin 'k ek wei - Ynleave jonge, mem bliuwt dy nei. Vorige Volgende