Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende It wie... It wie in moaie novimbernacht, Ik brocht myn famke thús; It moantsje struide syn sulverljocht Troch 't finster fan 't rydtúch oer ús. Wy frijden, en sieten sa waarm en sa smout; It frear, mar wy fielden it net. Har siken ha har mei minen fermingd; Myn herte waard wei yn har hert. Op 't lêst, doe't hja thús wie, doe seach ik yn 't rûn: 't Wie moarn, en de moanne wie wei. [pagina 101] [p. 101] aant. No stiene der blommen op 't finsterrút, En blonken yn 't ljocht fan de dei. Dêr hie de winter, mei 't fynste pinsiel, Us leafde yn teekning brocht. It wiene blommen, klear as kristal, En opkleurd mei sinneljocht. Doe 'k thúskaam seach ik dy blommen net mear, Troch de sinne teraand, ferrûn. En ek ús leafde bliek al te tear: Dy is ferstoarn, ferdwûn. Vorige Volgende