Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende It jonge Fryslan No wolle wy mei sang en klang It bloeisel fan ús herte Op 't alter fan it heitelân As earstling-offer sette. Yn d' âlde tiid droech 't jongfolk graach De swiere gleone swurden; 't Wie har in ear, foar 't heitelân 't Yn striid en noed te hurden. 't Wie har in nju, jin oarmans krêft Foar d' erfgrûn mânsk te striden; It wie har rom, foar 't heitelân Op 't slachfjild dea te blieden. Yn mylder tiden libje wy; Us bloed hoecht net te streamen; De frijdom fan ús heitelân Heart ta ferfleine dreamen. Mar foel it ryk fan Fryslân wei, Dêr't frjemden lof fan telden, Jit libbet yn ús heitelân It neiteam fan dy helden. [pagina 102] [p. 102] Jit libbet d' âlde Fryske taal Op tûznen Friezne tongen; Yn har hat mannich Fries fan al Wat goed en wier is, songen. En wol fan 't suden ek in see Fan frjemdsin ús oerdekke, De taal bliuwt ús in fêste hâld; Hja sil dy weagen brekke. Dus wolle wy mei siele en sin Us oan dy sprake wije, En - moat it - foar har rom en ear By Fries en Unfries lije. Sa sille wy, lyk as by âlds, Foar 't leave heit'lân fjochtsje; En earst de kâlde, stomme dea Sil dizze kamp besljochtsje! Vorige Volgende