Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Moai binne de mieden Moai binne de mieden, as 't sintsje yn de dau krûpt, En 't ljurkje yn de greppel syn jûnlietke sjongt, O nocht, dêr te wêzen, fan wyntsjes omwjukle, Wyls 't hertke ek in jûnsang, nee, tankpsalmen sjongt. Dan fleane myn dreamen de himel temjitte, En wat my ek hindert, dêr fiel ik it net. 'k Wurd optild en opfierd, en treaun nei omhegen; 'k Fyn God yn de himel, 'k fyn God yn myn hert. Sa, famke, is dyn hert ek in miede fol blommen; Dêr kipet it earnstige mos ûnder wei. O dêr mocht ik rêste, o dêr mocht ik dreame! Myn inerlik driuwen, myn langstme is dêr nei. Vorige Volgende