| |
| |
| |
| |
Fugelsang
Lit ús sjonge, ja sjonge no 't liet,
De prins fan it ljochtryk ta iivge priis,
De kening des himels ta tankbewiis;
Lit ús sjonge, ja sjonge sa bliid!
As de sinne yn 't suden stiet,
Komt de stoere wintertiid,
En mei snie en kâlde buien
Jout er d' earme fûgels bruien. -
O, dan ha wy 't neat te rom!
Sitt' wy skrousk yn 't kâlde nêst,
Piipjend, kreunjend al ús bêst.
Der waachst ek gjin krûd;
Gjin sang wurdt fernommen
Yn it neakne beamte krast
De stoarmwyn reaget om yn 't wâld:
Fol langstme wachtsje w' op de tiid,
Dat wer it sintsje skynt.
Dat d' ierde, as s' opstiet út de dea,
Troch 't hier in blomkrâns wynt.
Oan alle lêsten komt in ein;
Nei alle leed komt nocht;
| |
| |
In brulloft komt der nei de dea,
Nei 't kâlde tsjuster waarmte en ljocht.
Sa sit yn 't libbenskeatting 't goud
Oan 't donkere izer fêst...
Jou noait yn 't leed de moed ferlern;
Al kinst ek no gjin útkomst sjen,
Der komt wol ljocht op 't lêst!
Jit fiel ik him, dy bliere striel
Fan 't waarme sinneljocht,
Dy d' earste tynge fan de komst
Fan 't jonge foarjier brocht.
Jit wit ik, wat in njufol liet
Myn eang lyts kieltsje song,
Omdat de bolle foarjierswyn
Wer yn myn herntsje krong.
En doe wer 't blomte út de grûn
Syn mûzige eachjes stiek,
Doe wie 'k sa blij, sa waarm en sûn,
Lit ús sjonge, ja sjonge no 't liet,
De prins fan it ljochtryk ta iivge priis;
De kening des himels ta tankbewiis,
Lit ús sjonge, ja sjonge sa bliid!
O hoe sillich, hoe oanminnich,
Moaiste tiid fan 't jier, bisto!
Maitiid, maitiid, wat in wille,
Wat in libbensnju jousto!
't Bloed sa tel troch d' ieren brûst;
Wat in wille, o wat in wille,
Tiid fan leafde, tiid fan ljocht!
Yn it boskje lokje 'k 't wyfke
| |
| |
Ta de swietste leafdenocht.
Yn it hert fan 't wyfken op;
Tiid fan leafde, as 't griene boskje
Skattert fan it fûgelliet;
As it folle, jonge libben
Dûnsjend troch de fjilden giet.
Hope jout it libben fleur,
Sjoch dy knopkes, sjoch dy krûdsjes,
Sjoch dy bledsjes, jong en grien;
Hark dy blide minnelûdsjes;
Noait ha wy mei 't sjongen dien.
Wurdt elts knopke in blom?
Bliuwt ús 't hert sa rom? - -
'k Wyt net, 'k wyt net, mar ik sjong!
'k Wyt net, mar ik sjong!
Wêrom soest ek altiid soargje
Tsjin in oare tsjustre dei?
Laitsje, leavje, patsje, boaskje;
Leafde jaget soargen wei.
Nim syn bliere laits yn 't hert;
As de jûntiid mei syn dauwe
Rûzend oer de fjilden leit,
En de sinne yn 't roazich westen
D' ierde in smûk ‘te rêsten’ seit,
Sjong 'k in ôfskiedssang!
‘Sintsje, bliuw net lang!
| |
| |
Tink om fûgel, beamte en blom;
Himelkening, bliuw net lang!
Tink om fûgel, beamte en blom;
As de bliere moarn yn 't easten
Heal syn eagen iepen docht,
Skrilt er earst, yn sliep fertize,
Foar de glâns fan 't himelljocht;
Mar hy wurdt al gau te wekker,
Laket myld de sinne ek oan,
Pronket mei har moaiste kleuren,
Om it holke in strielekroan.
En d' ierde, jit sliepend,
En 't marke, yn de mist wei, hja glânzgje no gau
Yn 't ljocht fan de sinne,
No ferve is oer 't marke en rûnom oer hinne.
En fine 't te moai om jit langer te sliepen;
En patsje alle blomkes, en binn' net te hâlden;
En lûd is 't gerop en gegûl en gejei.
O, moai is de wrâld, en sa grut, en sa rom!
| |
| |
Ut de grippel, wêr myn nêst is,
Hipje 'k op it dauwich krûd;
'k Amje in boarst fol loft, en rekje
Gapjend dan myn wjukken út;
As ik dan de wrâld sa wiid fyn
En de himel djip en klear,
Bin 'k my sels sa lyts en neatich,
Wurdt it my sa eang en near.
't Triuwt my nei de himel;
Dêr driuw ik en kliuw ik nei 't iepene swurk;
Dêr tsjoch en fljoch ik sa frij;
It triuwt fan omleech, en it lûkt my omheech,
En 'k sjong sa ynblij, sa ynblij:
Sinne, sinne, himelljocht,
Dy de dei oan d' ierde brocht,
't Wolkom sjongt myn sang dy ta;
Blierket dy fan 't marke ta;
Damp en mist binne út 'noar skuord,
Hingje yn drippen oan it burd
Tsjuster wie it, stil en near;
Do kaamst - de loft is klear,
't Fjild is as in blommekroan;
't Libben as in simmermoarn
Troch dyn waarmte en ljocht.
'k Tuereljurkje - soe ik net? -
Mei in triljend, oerfol hert:
| |
| |
Blommen, alters op de grûn,
Strui jim swietrook yn it rûn;
Priizgje, o fûgels, 't hearlik ljocht,
Ik bin as 't blomke, dat syn kopke flijt,
Wêr dat it bliere ljocht der sinne skynt;
Ik bin as 't koarn, dat troch de sinne tynt,
En sûnder har net fol en krêftich dijt;
As 't blomke gean ik, wêr de sinne giet,
As 't koarn kin 'k dije, dêr de sinne briedt.
As it fjild syn blommeklean
Wilich flodderje om syn lea,
As it wâld syn gouden kroan
Falle lit, fersútre en dea,
As de sinne in kleed fan mist
Foar har strieljend antlit docht,
Súntsjes fan ús fjilden wykt,
En al mear nei 't suden tsjocht -
Dan fergearje 'k freon en sibben,
Dêr de sinne is, is ús libben;
Dêr hja net is, stjerre wy!
Dêr de sinne is, is ús libben;
Leaflik ljocht, wy priizgje dy!
Wei mei 't ljocht, it docht my sear;
Fan it tsjuster hâld ik mear;
Ik sjong d' eare fan de nacht;
| |
| |
Skyn, ivich ljocht, oer fjild en wâld!
Strui al dyn glâns oer hiel de wrâld;
Dyn waarmte yn jong en âlden!
Brek troch de mist, kliuw op nei 't swurk;
Jou d' ierde krêft by 't deistich wurk,
Om 't herte rom te hâlden!
Kring d' ierde troch, o libbensmacht;
Kring 't herte troch, ferdriuw de nacht
Fier op, wat leech en moedleas is,
Bring ljocht, jou krêft, wêr 't tsjuster is,
Krêft, om 't fan 't kwea te winnen!
It ûlebrod, sa skier, sa skou,
Keart fan dyn leaflik ljocht him ôf:
Mar wy, as berntsjes fan de dei,
Wy sjonge, en d' ierde sjongt it mei:
‘Oan dy, o sinne, d' eare!’
Wy priizgje dy, wy libje yn dy,
Salang wy kinne, sille wy
Ja, as de deanacht ús omtsjocht,
Dan romje w' ienkear jit dyn ljocht,
|
|