Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De sulveren mar In boatsje dreau om op de sulveren mar, Twa minsken sieten der yn; De sinne struide syn ljocht oer har, Yn de reiden rûsde de wyn. Hy lústre wurden fan leafde en trou, En seach sa blier nei har: ‘Hoe goed, hoe ûnskuldich en moai bisto; Sa moai as de sulveren mar!’ Syn siele fersonk yn har ljochtblau each, En hy wie sa mâl om har - Tewile 't de himel nei d' ierde teach En fersonk yn de sulveren mar. Vorige Volgende