Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Psalm LXIII Jo binne, o God, myn fêste hâld; 'k Betrou my op Jo albewâld, 'k Ha langst nei Jo, o Heare! Ik siikje Jo yn d' iere moarn; De sinne strielet as Jo kroan, En prealet as Jo eare. De blommen yn it keale lân, Ferwile en toar troch droechte en brân, Dy smachtsje nei de dauwe; Sa 's ek myn siele wurch en slop, [pagina 99] [p. 99] En wjukkelt nei de himel op, En fynt Jo leafde en trouwe. Ik hab, o God, Jo eare sjoen! Ik ha Jo gruttens ûnderfûn, Ik fiel m' oan Jo besibbe. No stean ik dy, o stoere dea! Waam God it mient, stjert ommers nea! Hy telt nin dea, nin libben. No sil myn hert mei sulverklang Jo lof ophelje yn sucht en sang, O God, sa lang as 't kloppet. Jo namme is 't gleone himelswurd, Dat eltse tsjokke wolk teskuort, En 't kwea tebrekt, teroppet. No siicht Jo leafde en frede dol, As sêfte balsem myld en gol, Yn myn teplett're siele; By kleare dei, yn neare nacht, Kin ik Jo trouwe himelwacht Oer al myn tinzen fiele. Jo wjukken, God, oerskaadzje my, En yn dy hoede sjong ik blij, As 't gealtsje yn smoute wâlden; Myn siele klibbet fêst oan Jo; Jo rjochterhân omslút my trou, Om my oerein te hâlden. Wa komt my sa yn krêft neiby? Ik bin sa sterk, ik bin sa frij, 'k Bin kening oer dizze ierde! Gjin ien, hoe mânsk, komt my tenei; Gods amme bliest myn fijân wei, Hy moat troch 't Gods-swurd bliede. [pagina 100] [p. 100] Loksillich, wa't op God betrout; Syn libben Him yn hannen jout, Nei Him syn stappen rjochtet! Hy driuwt as 't ljurkjen op de wyn De hege kleare himel yn, Wêr d' iivge Wierheid ljochtet. Vorige Volgende