Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 98] [p. 98] aant. Psalm XIX De hymlen fertelle Jo eare, o Heare! In stimme út 'e loft sjongt ta lof fan Jo wurk; En dei oan dei ropt fan Jo krêft en Jo eare, En nacht oan nacht blierket Jo grutheid oan 't swurk. Wat stimmen der rize fan d' ierde nei boppe, Hja sjonge Jo 'n lofsang; hja geie en hja roppe: Hoe grut is de Hear en hoe hearlik Syn wurk! Dat lûd is te hearren yn alle kontreien, It fljocht oer de wolken en rint troch de loft; De sinne is ûntwekke om de mist wei te jeien En rydt as in brêgeman, strieljend fan noft. Sa blinkt ek in krychshelt oan 't haad fan syn folken Op 't stegerjend hoars, dat de grûn stampt ta wolken, Wylst skomjende streamen him brûze fan 't skoft. It ljocht fan de sinne ferjaget al ringen It tsjuster fan d' ierde, dat krimp foar him jout; O Hear, lit Jo wet sa myn siele trochkringe, Jo wet dy sa blank is as lottere goud. O lit ik Jo tsjinje mei hert en mei tonge; O lit ik Jo sjen en Jo eare tasjonge: Myn Kening en rots, wêr myn hert op betrout. Vorige Volgende