Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Doarmje op wide wetterweagen Doarmje op wide wetterweagen, Seeën oer yn wylde rin, Mei de grime dea foar eagen, Dat is seemans wiffe sin. Fier fan âlden, fier fan migen, En de faam, dy't jûn oan jûn Oan it strân de see oerdikert, Swalket hy de wrâld yn 't rûn. Hoe't er wraamt en wrot en boddet, O, de see is him te stoer. Sjoch, hoe't hja syn skipke skoddet! Wite weagen fleane 'r oer. En de seeman, hoe't er wrakselt, Sinkt al djipper nei de grûn... Fier fan d' âlden en syn fanke Het er dêr in deabêd fûn. Vorige Volgende