Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Seemanslibben Op de wylde weagen swalket Mannich skip ferlitten om; Hoopjend het de seeman 't libben Tabetroud oan 't skolprich skom. Alle herten, dy't him leavje, Liet er efter op it lân. Alle jûnen stiet syn famke, Fierkjend, oan it stille strân. Mar al moast er fan har skiede, Wêr it lot him hinne fierde, Ut syn sinnen wykt hja nea; Leafde en trouwe ta de dea Drage 'm feilich rûn oer d' ierde. Fleurich rint syn libben hinne Op 'e see, dy wrâld, sa wiid; Laitsje, sjonge, swiet fertelle, En de slokjes op 'e tiid. Yn 'e koai tinkt hy oan d' âlden, Dy't er liet yn 't heitelân. Yn de dream ferskynt syn famke, Winkt him freonlik mei de hân. [pagina 97] [p. 97] aant. As de baren wâlje en draaie, As de wylde stoarmen waaie Brûst syn krigel seemansbloed, En hy wol, fol liuwemoed, Oer de see de twangstôk swaaie. Wurch fan 't swalkjen yn de frjemdte, Fol ferlangst nei 't heitelân, Komt er wer, en foar syn eagen Skimert einling 't âlde strân. Och, syn âlden teagen hinne; Op it tsjerkhôf slomje hja. Mar him fljocht syn breid temjitte, En fan blydskip snikkert hja. Meie ek him dan d' eagen blinke, Mei er om syn âlden tinke - O, syn famke libbet jit! Leafde en trou, dy't net fergiet, Sille in lokkich libben winke. Vorige Volgende