Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 96]
| |
It famke kamen d' eachjes
Sa fol fan súvre dau;
Hja lei har hân yn sines,
En sei: ‘Ik bliuw dy trou.’
By 't swalkjen oer de baren,
Oan lân, 't sij ier of let,
Yn stoarmen en gefaren -
Syn faam fergeat er net.
Doe het de dea him wonken,
En 't boldre, hol en rou;
De seeman is ferdronken,
Mar bleau syn famke trou.
|
|