Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 93]
| |
Dûk mei dyn kopke no wei yn de plom;
Slomje, do leaflytse blom!
Poppe, sa prûs yn de gloppe,
Sliepingel wjukkelt fan boppe;
Floddert sa blier en sa gol om dy ta,
Triuwket en tutet dy sa.
Berntsje, sa kûs yn dyn herntsje,
Stil wurdt allinken dyn wentsje;
Efkes noch kypje, 't gerdynke op in kier...
Sliep no, leaf famke, oant moarnier.
|
|