Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Mem oan lytse Nynke Lytse leave Nynke, Jou dy sêftkes dol; Lit de sliep dy tsjoene Dreamen, willefol. Mem kin dy net widzje, Krêften het hja net; Mar hja kin dy triuwe, Djip, djip oan har hert. Kryt net, ynleaf berntsje, Jou dy sêftkes dol; Drink fan molke en wetter Dy it bûkje fol. Tate mei dy n't barre, Want dy het hja net; Mem joech dy it wêzen, En mear kin hja net. Want hja leit te hoastjen, Al har krêft is wei, Joech hja al har libben Dy, leaf berntsje mei? [pagina 94] [p. 94] Stil mar, stil mar, poppe, Jou dy sêftkes dol; Dreamen sill' dy roppe, Freonlik, willefol! Ingels sille komme Ut de himel wei; Berntsjes, lyk as do ek, Mar de Hear sa nei. As hja mei dy boartsje, Flodderje om dy ta, Mei dy djoeie en geie, En sa'n wille ha - Lit se dan dyn memke, 't Swakke stumper, sjen, Biddend nei de Heare Yn de himel tsjen; En him foar dy freegje, Djip, út herte grûn: ‘Heit dêr yn de himel, Meitsje mem wer sûn!’ Sliep dan, sliep dan ingel, Jou dy sêftkes dol; Ingels sille komme, Freonlik, blier en gol. Sankjes sill' se sjonge, Wjukkelje om dy ta, Freegje oan har, myn Nynke: Sil 'k gjin mem mear ha? Vorige Volgende