| |
In preek foar de fryske fammen
dy't hja net by de klean del rûgelje litte moatte, mar by 't jak yntriuwe
Hearlik, as de roazen bloeie
Hearlik as by laits en sang
Fuotten foar de fidel djoeie.
As de maitiidsblommen bloeie
En de jonge herten gloeie
Fol fan leafde, fol fan klang!
Sûnder fâlden is de holle,
Sûnder soargen is it hert.
Boartsje en frije - noait te folle;
Ride en rosse - wat in pret!
't Each sjocht rûnom blommen winken,
En de loft skynt ivich blau,
Blide hope sjocht m' as dau
Op de kealste greiden blinken.
Mar dy dreamen moatt' ferstowe,
Lyk as tsjêf fljocht foar de wyn.
Al dy wille is neat as skyn;
Wee, dy't dêr har lok op bouwe!
Al it bluoisel, blêd en blomt
Stjert, wannear de winter komt.
| |
| |
Yn it foarjier moat men houwe,
Siedzje en plantsje, alles dwaan,
Sil de hjerst jin fruchten jaan,
Sil it lân foardélich bouwe.
Ek de jonkheid moat it witte:
't Libben is in swiere striid;
O, op wjokken fljocht de tiid -
Wa mei stil en liddich sitte?
As de beam syn blêden falle,
Komm' de ripe fruchten bleat.
Binn' de wangen wat beklonken,
Is it moaiste oan 't wiif ûntsonken,
O, dan blinkt har hert, har tigens,
En har fleurich sin - of ...neat.
Fryske fammen, dy dit lêze,
Ringen is jim bloeitiid om.
No is 't hertsje blij en rom,
Sil 't dan ek sa fleurich wêze? -
Binn' jim ryk oan deugd en eare,
Ryk oan leafde, ryk oan trou?
Binn' jim blank allyk in do? -
Wa seit ‘ja’ foar God de Heare?...
Jim, dy ienkear memmen binne
Fan it jonge Fryske folk,
Tink der om: in tongerwolk
Hinget oer ús tiden hinne!
Frjemde seden, frjemde sinnen,
Frjemde sprake, frjemde wet
Glûpe al mear yn Fryslân binnen;
Frjemde tigens bring' se net.
Fryske fammen jachtsje en draaie,
Frjemde flarden om de hûd;
Sûnder modder oan de kloet,
Mar doch pronkje, trantsje en swaaie.
| |
| |
Lit dy moaie mâlens waaie:
Ienfâld klaait allinne goed.
Tsjuster, tsjuster binn' de tiden;
Freegje 't, fammen, oan jim heit.
Hark, hoe't elkenien it seit.
Hat hy faak it minst ek striden,
Dy't no 't aldermeaste kleit?
En doch binn' de tiden better,
As doe't ik in famke wie.
Want de geast ferkrong de letter,
't Giet foarút fan jier op jier.
't Nije ljocht skynt oer de wrâld,
Alde spoeksels moatte fluchtsje;
Mar in hopen kleie en suchtsje:
O, hoe tsjuster is it skâd!
Mei it tsjoede fan foarhinne
Is in bulte goeds ferdwûn;
En de tiid hat ús mei 't goede
Moai, oerleaflik is ferljochting;
Fuort mei falske domperij!
Mar de ienfâld fan myn dagen
Is men 't alderlokkichst by.
'k Moat my al te faak besauwe
'k Moat my skamje oer Fryske ljuwe,
Dy't as koark op tiidsstream driuwe,
Dy't har lân en taal ferjitte
En har sleau-wei bine litte
Frije Friezen moatt' wy bliuwe:
Eigen taal jout eigen sin.
Us op tiidsstream net ûntdriuwe.
| |
| |
Flinke mannen sill' wy bliuwe,
Salang as wy Friezen binn'.
Fammen, yn jim hân sil 't lizze,
Of 't ferkearde bliuwe sil,
Of wy Friezen bliuwe sill' -
't Hoe en wat sil 'k jimme sizze:
Ienfâld, sin foar 't wiere en frije,
Leafde en trou en minskemin
Moat it bern fan d' âlden krije:
D' earste skoalle is 't húsgesin.
Dêr is 't alderearst begjin
Fan de grutte maatskippije.
Fammen, wit, dat oan de hurd
't Bern ta boarger makke wurdt.
Memmeleafde, wa ferjit har?
Wat komt memmesoarch neiby?
Memmeleare, elk ferstiet har,
Memmegeast, dy seinje wy.
Wat wy út har mûle hearden,
Wat wy fan har foardwaan learden,
Bliuwt ús 't hiele libben by.
't Nommel wiif, sa stil, beskieden,
Is de keningin fan d' ierde;
Liedt de hiele maatskippij.
't Fryslân fan de takomst, fammen,
Is in ôfprint fan jim byld;
O, wês gol, wês blier en myld,
Mar wês kloek en kras benammen.
Meits jim jonges rûn en frij,
Flinke boargers, drege mannen,
Klear fan holle, sterk fan hannen,
Friezen, wers fan slavernij.
Meits jim famkes kloek, beskieden,
Earber, steech tsjin pronkerij;
Meits ús folk in folk fan dieden;
Meitsje Fryslân grut en frij!
| |
| |
Anne, Doetsje, Romkje, Tetsje,
Tryntsje, Styntsje, Richtsje, Metsje,
Minke, Hinke, Froukje, Baukje, Aukje, Haukje, Wypkje,
Wytske, Ibel, Ynskje, Riemkje, Sytske, Gerbrich, Geeltsje,
Gertsje, Grytsje, Baaie, Maaike, Pytsje, Tytsje,
Poai, Koai, Wimel, Yfke, Gatske,
Hobbel, Wobbel, Swob of Hoatske,
Wa dit boek yn hannen kaam -
Ha myn groete, Fryske faam!
Mannich sankje liet ik driuwe,
Sa ek kaam it my yn 't sin,
'k Woe in Spjeldeboekje skriuwe,
Dat jim ûnder wille en tier
Nim it oan, it jouw' jim wille!
Lit it soms jim 't hert optille,
Laitsje en gobje 'r mei'noar om;
O, nei jimme sin te sjongen,
En te rôljen oer jim tongen,
Dat is sjongers heechste rom!
't Hearlikst lean foar dichterssangen
Leit op friske reade wangen,
Kom 'k jim ienkear ris te sprekken,
Ha dit dan mar op de rekken:
'k Helje grif de skea werom.
|
|