Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 87]
| |
Gjin kaarten hab ik yn de hân,
Ik doch 't mei 't hert en mei 't ferstân.
Yn maaie toait it fûgelpear,
Om 't smoute nêst te bouwen;
Mar jimme tinke 't hiele jier
Oer neat as om te trouwen.
Jim maitiid duorret jierren lang,
Mei leafde en ljocht, mei laits en sang.
Mar 't fûgelt, as de simmer komt,
Kin 't nêst fol jongen fuorje;
Sa sil ek jimme maitiid net
Jim hiele libben duorje.
Binn' jimme yn 't houliksboatsje gien,
Dan is de maitiidswille dien.
Nim dêrom no jim trekken waar,
Wês altiid blij fan sinnen;
It moaiste wat it libben hat
Dat is de tiid fan 't minnen.
Barnt yn jim hert in heilich fjoer,
Jou dan oan leafde frij jimme oer.
En wol jim nei 't wolmienend wurd
Fan d' âlde Foekje heare,
Hja sil jim, nei har lyts ferstân,
De takomst kennen leare.
Graach wiis ik op myn âlde dei
Oan eltse faam har libbenswei.
* * *
Rûne wangen, sûn en blier,
Friske lippen, krollich hier,
Eagen fol fan ljocht en tier
Hâldt m' oan 't achtentweintichst jier;
Jonkheid is in teare blom:
Ringen is de bloeitiid om.
| |
[pagina 88]
| |
Mar in hert fol leafde en ljocht,
Mar in fleurich sin, fol nocht,
Mar in sûn en kras ferstân
En in sêfte en golle hân
Kin gjin tiid jin ea bedjerre;
As de reek fljocht jonkheid wei,
Moaiens stoot him efternei,
Tigens hâlde w' oant wy stjerre.
|
|