| |
Langst nei leafde
Wêrom bin ik sa ûnrêstich,
Wêrom doch sa wif fan sin?
Dan sa fleurich, dan fol tinzen;
Fanke, leave Fryske blomme,
Oan dyn herte hab ik lein;
'k Ha dyn swiete tútsjes dronken,
En myn siele is my ûnttein.
'k Ha by dy mysels fergetten,
Al myn lêsten, swier en swiid;
Yn dyn earmen hiest besletten
Wol in seefol soarch en striid.
Djippe winsken, fol fan langstme,
Driuwe 'r, brûze 'r yn my om;
Ivich kampjend, jamk ferliezend,
Is de wrâld my meast ûnrom.
| |
| |
Mar by dy, by dy, myn leafke,
Striek in ingel, myld en gol,
Op de weagen fan myn herte
Mûle oan mûle, herte oan herte,
Sûnder praat, sa sieten wy;
Wûndre fredich, wûndre fleurich,
As in bern - sa wie 'k by dy.
En dy holle see, dy't byljend
Yn my ombrûst, swart en near,
Lei him dol, waard as dyn herte in
Speeglich wetter, glêd en klear.
Och, ik bin sa'n wylde ruter
Troch de grutte, wide wrâld,
En ik siikje sa fol langstme
Nei in fêste en trouwe hâld.
Lege meunsters wol 'k bekampje;
't Smoarge en leffe is my in griis;
'k Wol foar 't leave heit'lân libje,
As in frije, stoere Fries.
'k Wol nei d' âlde helten aardzje,
Dêr sa mannich skald fan song,
Dy't net oan it slyk fan d' ierde,
Mar oan deugd en frijdom hong.
En de minsken, dy't my sjogge,
Kampjend foar myn taal en lân,
Kampjend jin de divel yn my,
Gau beret mei wurd en hân...?
Inklen rikke my de hannen,
Jouwe my in freonlik wurd,
Troch har sizzen: ‘Far sa fuort!’
| |
| |
Mar in hopen laitsje en gobje:
‘Sjoch sa'n grutske gek ris oan!
Jit sa jong, en dan sa'n drystens...
Ruter, ho, wat stadich oan!
Mienst, de hiele wrâld wie dines?
Wa hat dy in opdracht jûn?
Och, do kampest foar in dreambyld,
Och, do slachst as blyn yn 't rûn!
Hâld doch op, ju, mei dyn dreamen:
't Libben easket oare striid;
Siikje om brea, wês froed as d' oaren,
Hâld doch op mei 't iivge liet!’
En hja smite swiere kneppels
't Gleone striidhoars tsjin de skonk,
En hja gych'lje om myn strofljen,
En hja skreauwe: ‘Bliuw by honk!’
Sa, myn faam, sa moat ik toarkje
Troch de wide, wrede wrâld,
En ik siikje nei in herte,
Nei in fêste en trouwe hâld.
Want de moed wol my ûntsakje,
'k Leau net oan myn hilge plicht,
En 'k fertwiivlje oan myn dregens,
'k Fal my sels sa jamk te licht.
'k Wol sa graach de krêften brûke,
Fan natoer m' yn 't herte jûn;
'k Wol sa graach it goede en moaie
Hoask bewarje op Fryslâns grûn.
'k Wol sa graach út slyk en smoargens
Mar myn loaiens en myn selssucht
Meitsje jamk myn hannen slop.
| |
| |
En sa wurd ik treaun en slingre
Troch de grutte, wide wrâld,
Siikjend nei in súvre siele,
Dy 't yn alles mei my hâldt.
En ik longerje nei leafde,
Dy't my stipet, gol en trou;
Dy't my opheint yn har earmen,
Fan de striid sa wurch en ou...
Soesto 't wêze, minlik famke?
Bliere, blanke Fryske blom!
't Wie sa noflik oan dyn herte,
't Wie my dêr sa blij, sa rom!
Wie dy koarte, silge wille,
Dy't ik yn dyn earmen fûn,
Faak in foarpriuw fan in himel,
My bewarre op Fryslâns grûn?
Ja, leaf famke, ik leau, in himel
Dêr is al myn lok bewarre,
En oars fyn ik 't nearne net.
En oars moat ik fierder toarkje
Troch de kâlde, keale wrâld,
Ivich kampjend, fierder, fierder,
Ivich siikjend nei in hâld.
|
|