Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Widzesankje foar 't smidsbern Bern, do moast it kriten litte, Sliepe, sliepe, swiet en blij; Mem sil by de nane sitte, Heite skript foar har en dy. Hammer, klop! Hark dy rop: Leave, leave lytse pop! Och, wêr soeste swier oer tille, Lytse kening yn 'e plom? Mem sil weitsje foar dyn wille, Do bist heite leafde en rom. Hammer, klop! [pagina 83] [p. 83] Hark dy rop: Hurd oan 't wurk; 't is foar ús pop! No meist dreame yn swiete slomme, Roeikje as 't eintsje op 't weagjend wiet; Letter sill' de soargen komme, Swiere suchten, djip fertriet. Hammer, klop! Hark dy rop: Earlik wurk rêst segen op! Slomje swiet dan, net mear kibje, Memme libben, heite nocht; Lit ús wille oan dy belibje; Wês by alle leed ús ljocht. Hammer, klop! Hark dy rop: Waachs, myn boi, ta 'n Stânfries op! Vorige Volgende