| |
De sjonger en de wrald
De sinne sinkt en klaait de loft yn goud;
It siichje rûst en stjert yn 't jonge hout
En fan de himel falt de jûn op ierde,
Allyk in ingel mei in fredetûke.
De ljurk stjoert sangen út, en klokken liede,
Dy mei har galmen 't hert omhegens lûke.
Dêr jinsen yn de stêd is droktme, wyld en stoer:
Hjir, mids yn 't fjild, is stiltme, frede en natoer.
Sjoch dêr dy âlde stins, alear it hûs
Fan hearen, grut en heech; dêr't no yn skûlje,
As 't ljocht har 't each tebarnt, de flearmûs en de ûle;
In stienklip, mear hast net, en heal teslein ta grús.
Moarn sil de lêste slach troch dizze muorren bromme,
En dan, op 't âlde stee, in nije wente komme.
Dêr op de stiennen liuw, dy foar de poarte stiet,
Sit drôgjend in jongfeint; de dertne jûnwyn lit
Syn hierren net mei rêst, mar boartet troch har hinne.
Hy stoarret nei it west, nei d' ûndergong der sinne,
Giet hastich dan oerein, en stekt de hân omhegen,
En klaget, wyld en lûd, mei triennen yn syn eagen.
| |
| |
Sa binn' de dreamen dan ferflein,
Dy't ieuwen lang it minskdom dreamde;
De waarme stream, dy't yn ús streamde,
Dy boarn' fan leafde, is ús ûnttein.
Fernield de timpels fan de God,
Dy't oer elts minskehert regearre;
En alle blommen moasten stjerre
En 't libbenspaad leit keal en plat!
Gloeide ivich oan it libbens swurk
De sinne fan it wiere en goede,
Het ús Geloves ingel hoede,
Wie hja de stipe ús by ús wurk,
Gloarre yn 'e fierte in doel ús oan:
It doel fan goed en grut te wêzen,
Wie yn elts each it wurd te lêzen:
De minske is frij, hy is Gods soan - -
Dat 's alles, alles út de wrâld;
De tsjerke yn 't hert is ek tebrutsen,
De beam fan 't Leauwen d' ierde útlutsen,
En skerp is 't each, en 't hert is kâld.
Neat is der, dat nei boppen winkt;
Men leaut nin God, men leaut nin minske,
Yn 't slyk, dêr siket elk syn winske,
Der is nin stjerke mear, dat blinkt.
Nin wjukken het de siele mear
Om 't lichem boppe 't stof te fieren;
Loai krûpt it bloed elkien troch d' ieren,
Mar goud en eare is elks begear.
Leafde is in wurd dat nimmen neamt;
Deugd bringt in glimk har op 'e lippen;
Foar oaren jin yn 't swit te skrippen,
Dat is in dream, dy nimmen dreamt.
En mei Gelove en Leafde stoar
De roas der Hope yn 't minskeherte;
De djippe wûn der selssucht blette
En makke 'r alles fûl en goar.
| |
| |
Dy tún, alear fan blommen fol,
Dêr krûpe no de smoarchste slangen;
De divel fan it selsferlangen
Smiet d' alters fan it goede dol.
No heappet elts, safolle er mei,
De skatten op, dy't hy fergarre;
Mei list en leagen, swart as jarre,
Sa helle 'r 't goud fan rûnom wei!
Wat bruit it him of d' earme stjert?
Elts moat mar foar syn eigen soargje!
Kin hy foar oarmans skulden boargje? -
Syn buorman kwynt; hy sûpt en fret.
No strúnt de feint, yn neare nacht,
Fan drank bedwelme, troch de strjitten;
Dêr wit er bûnte froulju sitten,
Dy hâlde 'r eltse jûn de wacht!
Mei fuotten trapet hy de blom,
Wêrmei Natoer syn liif oppronke;
Yn kûlen, dy fan ûntucht stjonke,
Komt linkenoan syn jonkheid om.
No lit de mem út singenot
Har leaf lyts bern fan oaren warje:
Hja moat har lea, har moaiens sparje;
Dat bern, al komt it om, wat 's dat?
Hja is jit jong, de nocht net sêd,
Hja moat yn 't ljochte dûnsseal djoeie,
Hjit wurdt har bloed, har wangen gloeie:
Hja sliept tenacht yn oarmans bêd.
No lit de soan fan rike steat
Syn heit yn winternacht ferklomje.
De divels yn syn herte gromje:
‘Wat hest oan him te tankjen? Neat!
Hy joech dy 't wêzen, hy it ljocht,
Om eigen hjitte brân te dwêsten.
't Wie net om dy! Yn leed en lêsten
Bist troch syn wylde woede brocht.’
| |
| |
Nin plicht bestiet mear, nin gebod;
De minske is djier, mar fyn beslipe.
De blankste fingers taaste en gripe
Nei 't leechste, beestichste genot.
Smoarch is de fjurkjende edelstien,
Dy lang de minskeholle sierde:
De tsjinst fan 't Goede is wei fan d' ierde;
Gelove, Leafde en Hoop - fergien!
En do, o swurk, sa skjin, sa blau,
Dêr gouden glânzen jit oan driuwe,
Do sjochst dat jit? Koesto jit bliuwe?
O troan fan 't ljocht, hoe moai bisto!
Mar stil! Wat liet komt yn myn ear?
It swurk giet iepen, ingels draaie
Yn kringen rûn, hja wjukje en saaie
Op ierde del!... Binn' Jo it, Hear?...
Der is ien God, dy Harmonije hjit;
Hy troan't dêr boppe, op millioenen stjerren,
Hy wennet hjir, yn libben en ferdjerren.
Hy is it doel fan alles dat bestiet.
Der is ien krêft dy alles, alles driuwt:
Dat is de oandrang nei dy Harmonije,
Dêr moat de stôf syn doel, syn foarm fan krije,
Dat is de drang, dy 't hert omhegens triuwt.
Hy lit de stjerren oan de himelbaan,
Net bûn oan neat, yn fêste kringen draaie;
Hy stjoert de rein del, lit de winen waaie,
Bringt stôf by stôf, om 't nije foarm te jaan.
De leafdebân, dy minske oan minske bynt,
Dat is syn wurk; hy stjoert, hy liedt de herten
Lâns 't fêste paad, nei ivich fêste wetten;
Dy dêr tsjin striidt, himselme 't lok ontwynt.
| |
| |
Ek yn dyn hert troan't d' iivge Harmonij,
Dy ljocht dy joech en treast yn neare dagen,
En moed, om nea nin slavejok te dragen;
Ek triennen - mar foar oaren - joech er dy.
Dy selme God joech dy in grutter part
As oaren hjir op ierde fan him krije;
Dy libb'ne wel, de boarn der poësije,
Brûst, wâlet op, streamt rûzend dy yn 't hert.
In sjonger bist! Witst wol, wat dat betsjut?
It leed fan hiel it minskdom silsto drage!
Fan dy it andert op de grutte frage:
Hoe minske goed, hoe ierde in himel wurdt.
Wrâlds stipe en treast, en Himels bern bisto!
Dyn geast omheech, dyn lichem hjir op ierde;
De tsjerkeklok fan 't Goede silsto liede...
Hjir hest de harp; bewarje 'm hoask en trou.
De wrâld yn! Striid mei 't swurd der poësij;
De wierheidsstim sil út dyn hert oprize,
Do silst ferdwaalden 't paad nei 't Goede wize
En stiftsje 't ryk fan Leafde en Harmonij!
|
|